Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As Alle Tet der oan kom setten wy as bern altyd in krús op 'e wei mei de klomp. Wy tochten, dat se dêr net oerhinne komme koe.
nl.verhalenbank.21643
Us mem en dy ha fan bern oan altyd lapkes mei duveldrek op 't boarst hawn en doe't wy noch fan dy bern wienen droegen wy dat ek. Dat wie der allinne om dat de tsjoensters ús net yn 'e macht krije koenen.
nl.verhalenbank.21390
Tsjoensters hellen altyd de bern by har. Hwa fan dy bern it swakste wie, dat woarde bitsjoend. Sy moesten de bern hwat jaen, oars koenen se har net yn har macht krije.
nl.verhalenbank.25722
Beppe hat us nei âlde Tet op 'e Bulten ta west om hwat nije kop-en pantsjes. Dy hie Tet to keap. De bern seinen: "Tink der om, mem mat der neat opite!"
Mar beppe dronk der in bakje kofje op mei in grou klontsje der yn.
Mar doe't se thús wie mei har kop-en pantsjes, treau se dy ús mem gau ta en sei: "Hjir pak dit gau oan."
Tagelyk spuide se har hast it...
nl.verhalenbank.21457
Hindrik Ophús syn suster Ot - de mem fan âlde Ale - wie ek in tsjoenster. Mem en Jannemuoi wienen us in kear nei beppe ta. De bern wienen mei en dy wienen wylst oan 't toarnbeisykjen. Doe kom der in dikke kat oan, dy woarde wei ûnder 'e boskjes.
Doe stie der ynienen in frommes foar de bern. 't Wie Ot. "Berntsjes," sei se, "binne jim oan 't...
nl.verhalenbank.23531
Alle Tet wie hjir de tsjoenster. Wy setten as bern mei de klomp in krús yn 't sân as Tet der oan kom. Dêr koe se net oerhinne komme, seinen se. Doe't Tet goed en wol dea wie, bleau se sa slop as in flarde. Dêr koe men oan wite dat it in tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.21140
Alde Fogel wie ek in tsjoenster. Frearke Fogel woarde se neamd. Doe't se dea wie en biklaeid woarde wie se hielendal slop.
Hja forkocht baelders. Wy trillen der oer as wy nei har ta moesten. Mem warskôge ús en sei: "Tink der om, nim noait in suertsje of sa fan har oan!"
nl.verhalenbank.23943
Op in kear siet Hindrik Pyk (= H. Ophuis) op 'e Oenseheide by de Krúswei yn in boskje, mei it himd út. Hy fangde himsels de luzen ôf. Syn bern founen him dêr tafallich. Dy roannen hurd nei hûs ta en rôppen: "Mem, mem, heit sit yn 't boskje op 'e Oense-heide to luzefangen!"
Mar hwat wie 't gefal? Hindrik Pyk siet moai yn syn hoekje thús by de tafel. Hy hie...
nl.verhalenbank.19983