Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn wiif har oerbeppe wie ek in tsjoenster. Dy hie in protte poppen om har hinne. Nou joech se de iene poppe in prip en dan de oare. Dan gûlden de berntsjes, dy't se bitsjoend hie. Dan krigen dy pine.
Hja wie in skipperske en skreau har Kobus.
nl.verhalenbank.28448
Der wie in faem, dy woe de takomst graech wite. Doe gong se nei de kermis ta. Dêr wie in swarte spegel. Doe seach se dêr sawn kopkes yn.
Hja lake en sei: "Dat kin ommers net!"
Mar hja is troud mei in widner mei sawn bern.
nl.verhalenbank.22012
Op in kear gong heit nei Ljouwerter merke ta.
Dêr stie in tinte, dêr wie in swarte spegel yn. Heit gong der foar stean om syn takomstige frou to sjen. Heit wie doe noch feint.
Doe kaem der in frou foar mei tolve bern.
Even letter wie der wèr in frou mei in keppel bern foar.
Heit soe dus twakear trouwe en dat is èk gebeurd.
Heit krige by syn earste frou...
nl.verhalenbank.22114
Tsjoensters tsjoene krânsen yn de kessens fan deselden dy't se bitsjoene. Sa'n krâns sit fan alles yn fan hwat se deis by de ein ha. As der trije foltoaid binne, dan binne de minsken kapoerus. Binne se noch net foltoaid, dan mat men dy krânsen opbrânne. Dan makket de hekse in rare reis.
Jeltsje en Lutske fan 'e Houtigehage hienen poppen, dy't se sels...
nl.verhalenbank.20107
Op 'e merken hienen se swarte spegels. Dat wie in soart wiersizzerij. Dêr koenen se de takomst mei gewaer wurde.
Safolle wite plakjes ien op 'e neils hie, safolle bern soed er letter ha.
nl.verhalenbank.37668
Yn 'e Broek wennen in man en in frou mei bern. Ien fan dy berntsjes wie ûngelokkich.
De frou forstoar en de man bleau mei de berntsjes achter.
Sy hienen in folkstúntsje. Dat hierden se. Dat moesten dy berntsjes ûnderhâlde.
As dy berntsjes dêr oan 't wurk wienen, seagen se har mem. Dat gebeurde sa nou en dan.
Sy fortelden it thús, mar har heit woe 't earst...
nl.verhalenbank.21992
Mem hat us by in kaertlizter yn Ljouwert west. Dy hat tsjin mem sein: "Hwat krije jo in swier jok to dragen, frou. Mar hâld de moed der yn."
Mem hat heit al jong forlern. Sy bleau sitten mei njoggen bern. Hja hat it o sa swier hawn.
De lju gongen ek wol nei Thomas' Clare, mar dy koe 't sa goed net. Dy seach yn 't kofjedik (anderen vertellen dat ze kaarten...
nl.verhalenbank.22120
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje, in swarte kat meastal. As hja der nachts op út is to tsjoenen lizze de terms op bêd. Hja bitsjoent yn 'e regel bern. Dan makket se greate krânsen yn 'e kessens.
As in bern bitsjoend wie gongen se nei Kûkherne. Dêr wenne Wopke Minke, dat wie in duvelbanster. Dy joech dan in drankje mei. En dan sei se: "Nou sil der...
nl.verhalenbank.37658
Myn man wie in great jonge, syn heit en mem leefden noch. Doe sei er op in kear: "Hearre jim Baeije wol roppen en razen?" De oaren seinen: "Wy matte der gau us hinne to sjen." Mar doe't se der hinne gongen wie der neat to rêdden mei Baeije.
Mar in skoft letter raesde se krekt sa as dy kear. Doe wie har bern forstoarn.
nl.verhalenbank.23415
By myn wiif en dy wie sa'n handich jonkje yn 'e hûs, dy wie noait rjocht goed. 't Bern wie in jier of trije, matte jo tinke. Wy sille der moarn hinne to praten. Har âldste suster tjirme ek.
Der kom altyd in âld man by harren, dy hiet fan Pôpe. Dy wie forwoechsen. Hy nom dy beide bern altyd hwat mei. Dat ieten se dan op.
Mar sy wienen altyd ûnder dokters...
nl.verhalenbank.28447
Bern, dy't gjin deadsklean meikrige ha, spûkje ek.
nl.verhalenbank.10694
Se dienen yn 'e Harkema duveldrek ûnder 'e drompels. Dat kom der oan 'e kant ûnder, hwant de tsjoenster mocht der net oerhinne stappe. De bern hienen nachts duveldrek op 't boarst.
nl.verhalenbank.10690
Op it Formanjepaed tusken Damwâld en de Falom, dêr sweefden in pear neakene berntsjes om.
nl.verhalenbank.28440