Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: kinderen Place of Narration: Burgum
De geschiedenis van Sipke en Liesbet In Oostermeer staat een oude boerderij, waaraan de droevige geschiedenis van Sipke en Liesbet verbonden is. Liesbet diende als meid in de boerderij. Ze had een paar flinke handen aan haar lijf en was ook nog knap om te zien. Haar vrijer, Sipke, was een jonge dagloner van het Hoogzand. Ze hadden al een jaar verkering en...
nl.verhalenbank.9515
As de bern froeger to ticht by it wetter kamen seinen de minsken: Tink der om, de kikkerts pakke dy.
nl.verhalenbank.31326
Yn Jistrum wienen froeger huzen, dêr spoeke it yn. Ek yn 'e Westerein wie sa'n hûs. De bern mochten dêr net komme, dat wie net fortroud. Ek yn 'e Koaten stie sa'n hûs, dêr wennen in broer en in suster yn.
nl.verhalenbank.31197
Mem sei froeger: Traepje noait op in pod, hwant dan krije wy swier waer.
nl.verhalenbank.31237
De bern fan Jelle Huisman fan 'e Wygeast woenen net groeije. Hwat de âlders der ek oan dienen, it bleauwen tjirmers. Op it lêst kommen Jelle en 't wiif der achter dat de bern bitsjoend wienen. Der siet kweafolk achter. Jelle wie gau út 'e rie. Hy stapte nei greate Wopke ta. Wopke joech him in drank mei, mar sei der by: "Ik jow dy wol in drank, mar dû...
nl.verhalenbank.21966
Us mem gong noch wol gau us to praten nei de Burgumer Nijstêd, dêr't har âlden kwekerije hienen. Foardat se wer thús wie, hearden wy ús mem har fuotten al yn 'e gong slepen, en op it matsje ôffeijen. Dan seinen wy: "Dêr is mem ek wer." Mar dan wie 't sa net. In skoft letter kom se earst werom.
nl.verhalenbank.23609
Yn Twizelerheide droegen de bern in pûdtsje mei duveldrek ûnder 'e klean om 'e hals, om feilich to wêzen tsjin tsjoensters. As de kij net rjocht goed wienen, dan wienen se bitsjoend, dan krigen se by ús yn Jistrum duveldrek tusken de hoarnen. Ek lei der altyd duveldrek yn 'e finsterkes fan 'e stâl. Ek yn 'e trôch fan 'e bargen. Dat wie dus om 'e duvel to...
nl.verhalenbank.31190
As wy froeger wurk dwaen moesten sei mem: Opsjitte jonges, de ierdmantsjes dogge it net foar jimme.
nl.verhalenbank.31226
As de bern ticht by 't wetter kamen, seinen wy: Tink der om, de kikkerts pakke dy.
nl.verhalenbank.31178
As wy ticht by 't wetter kamen, sei ús mem: "Tink der om, aenst pakke de kikkerts dy." Us heit sei, as wy allinne nei 't wetter gongen op it Bûtenfjild: "Tink der om, foar donker wer thús wêze, oars pakt de griene man dy." Ek: as jy by 't donker thús komme ha jy kâns dat de wettergeast jin pakt.
nl.verhalenbank.31001
Yn Ychtenerbrêge (Echtenerbrug) sieten us trije man yn 'e herberge by in slokje. It wienen o sokke rûge mannen. Sy leauden gjin fan trijen oan 't opperwezen. De iene sei: "As der in God is, dan soe 'k wol us tekens sjen wolle oan myn bern." Dy man hiet Rouke Kuipers. Hy is letter troud en hat fiif bern hawn, dêr't alle fiif hwat oan skeelde. De âldste...
nl.verhalenbank.23612
Yn Burgum ha se de poppestien. Dêr komme de lytse bern ûnder wei. De jonge frou giet dêr hinne. Hja kloppet op 'e stien, dy wipt omheech en se nimt der gau in poppe ûnder wei.
nl.verhalenbank.31229
Alde Klare wie wiersizter. Hja wenne by 't spoar yn 'e Westerein. Hja sei tsjin in kammeraetske fan my: "Dû krijst in keppel bern en dû krijst gjin leven." Dat is krektsa útkom.
nl.verhalenbank.38168
Yn Twizelerheide rieden guon tsjoensters op 'e biezem troch de loft. Der waerd as bern tsjin ús sein: Traepje noait op in pod, hwant dan bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.31206
Yn Eastemar, tusken Skûlenburch en de Sawn húskes dêr't nou sahwat de bensinetank stiet, roan froeger altyd in houn om mei in brijpot om 'e kop. 't Wie in houn mei hiel gleone egen, seinen se. Wy wienen der as bern stjerrend binaud foar.
nl.verhalenbank.21955
Kaem in bern to ticht by 't wetter, dan seinen se: Pas op, aenst pakke de kikkerts dy of: der is in grouwe snoek, dy lûkt dy der yn (Sumar).
nl.verhalenbank.31288
1