Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Doe't mem mei ús heit trouwe soe, kom beppe us in kear by har en doe woe se ús mem in ûngeboaren bernehantsje mei jaen.
Mem woarde lulk en sei tsjin har: "Ast dàt dochste, traepje 'k dy mei dat ding fan 't hiem ôf!"
nl.verhalenbank.27178
Myn suster hie in bern, dat hat bitsjoend west. It bern wie noait soun en sy raesde altyd. Doe gong de heit nei Frânse Hinke ta, dy wie duvelbanster yn 'e Rotfalle. Frânse Hinke sei, der sieten krânsen yn 'e kessens, dy moesten der út weihelle wurde en fornield wurde. As der trije folle krânsen yn sieten hie 't bern dea west.
Der kôm nou en dan in frou by...
nl.verhalenbank.24129
Der was hier een kind dat lag op stervn. Moar it kon niet doodgaan. Doe sei der één: "Trek dat kind it hemd uut, dat is op sondag moakt." Dat deden se en weg was 't kind.
nl.verhalenbank.27330
Rixt wie in suster fan Sterke Hearke. Hja hie forkearing hawn mei in feint. Dy feint hie har yn 'e steek litten, dêr krige se in bern fan.
Doe trof se him op in feest. Doe frege se him of er mei har dânsje woe. Doe rekken se togearre oan 't dânsjen.
Doe sei se: "Hwat bin ik mâl mei dy", en doe knypte hja him sa bot, dat sy knypte him de earm stikken.
nl.verhalenbank.26002
Myn suster wenne op 'e Heine-pôlle op Sevenhuzen, tsjin 'e Wylp oan. Dêr wenne ek in famylje Otter. Dy seagen in pleachbeest. Dêr flak by harren hûs wie in hage, dat wie de skieding fan in oar hiem. Dêr flakby hie it pleachbeest west.
It âld minske en har soan Minse hienen molke fan dat oare hûs helje sild. Doe is dêr hwat oer dy hage hinne knoffele: in...
nl.verhalenbank.25711
Wy wienen fan dy jonge bazen fan in jier of acht, njoggen. Wy hienen in great sângat by 't hûs.
Op in kear wienen wy dêr oan 't boartsjen, doe kom dêr in raer ding by ús yn 't sângat.
Wy roannen om leven en dea.
Heit der hinne om to sjen. Mar der wie neat.
Doe de houn der hinne, dy foun ek neat.
It sângat woarde ús forbean. Mar hwat dat ding west hat ha...
nl.verhalenbank.25710
Olle Wyberens Trien woonde in een old boufallig huus aan de bosweg. 't Olle wief kon tsjoenen.
Wie woarn as kinderen der bang feur. Op in oavend gingen wy der weer langs. Wy woarn met sen drieën of vieren fan jonges. Se was toen sa'n fyfentachtich joar.
"Sollen we har us uutrachen foar tsjoenster?" seiden we.
Mar doe't we dat deedn haddn we der aan dat we...
nl.verhalenbank.25853
Bearn van der Woude wie myn heit. Hy wie us mei mem to jounpraten nei syn swager, dy wenne sa'n trije hûndert meter fan him ôf. It gong altyd op in kaertspyljen as heit en omke by elkoar wienen. Mar doe hie heit de spylkaerten forgetten dy kear. Hy gong werom om se to heljen en omke gong mei. Sy gongen skeanoer troch 't lân, dat wie 't koartste.
Doe binne...
nl.verhalenbank.26023
Ik haw in man kend, dy wie mei de helm geboaren. 't Wie in sekere de Wilde. Op in snein hearde hy ûnder Lippenhuzen dat dêr in bern raesde. "Der gebeurt hwat", tocht er. "Ik tink dat der ien forsûpt is." Hy der hinne to sjen, mar hy woarde neat gewaer. En doch hied er heard dat ien 'help!' rôp.
Letter wie dêr op dat plak ien fordronken.
nl.verhalenbank.25969
Beppe roan mei de bolkuorren foar Klaes Hellinga. Dat hat se oan har fiifen tachtichste ta folhâlden.
Klaes Hellinga hie in dochter yn 'e hûs, dy wie bitsjoend.
Doe fregen dy minsken beppe of hja wol foar dy dochter nei Jistrum ta woe nei 't boerke om guod op to heljen foar dy dochter. Hwant dy man koe wol sjen hwat it bern mankearde. Beppe koe der in...
nl.verhalenbank.26904
Tsjoensters wienen hjir froeger wol. Hja tsjoenden by oare minsken krânsen fan fearren yn 'e kessens.
Bern mochten fan in tsjoenster noait hwat oannimme en opite. Krigen se in apel of sa en dy leinen se ergens del, dan foroare dy yn in pod. In pod is feninich. Hie sa'n bern dy apel opiten dan hie 't bitsjoend west.
In tsjoenster foroare har wol faek yn in...
nl.verhalenbank.27994