Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e Tike, by Rypke en At wienen de bern al ris bitsjoend.
De tsjoenster wie âlde Piters Hindrikje, dy wenne ek op 'e Tike. Dy koe har yn in kat foroarje en hja koe troch 't kaeisgat hinne. Sa kom se by de minsken. De bern dy't se bitsjoend hie hienen krânsen fan fear yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.33035
Dêr wenne neffens heit ek in âld wiif, dy bitsjoende de bern. Hja foroare har yn in boarre.
De bern dy't se bitsjoende wienen alle ûren wekker.
Sa wie der ek us in bern, dat se bitsjoend hie, dat raesde ek altyd. De âlders tochten: dat mat ophâlde. It kessen woarde iepenskuord dêr't it bern op slepte. Dêr siet in krâns yn, dy hellen se der út.
De man hie...
nl.verhalenbank.26174
Oan 'e Suderdwarsfeart wenne in faem, dy hie in bern krige.
It wie de dochter fan Polstra. Dat jonkje rekke siik. Sy woarden al gau gewaer hoe't dat kaem wie. Tsjibbe Griet (frou Swevel) wie in âld tsjoenster. Dy hie 't bern bitsjoend.
Dy kaem dêr wolles by harren yn 'e hûs. Doe ha se duveldrek ûnder 'e drompel dien, doe koe 't âld-wiif dêr net wer komme.
nl.verhalenbank.27515
Jehannes Meerstra (Tsyske) fan Feanwâldsterwâl koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. As er mei tsiis op in paed wie, koe 't wol gebeure, dat de minsken ynienen in lyts bern yn 'e feart gûlen hearden. Mar as se der hinne gongen, wie der neat to sjen. Jehannes die dat. Hy koe bûksprekke.
nl.verhalenbank.18083
Alde Fogel wie ek in tsjoenster. Frearke Fogel woarde se neamd. Doe't se dea wie en biklaeid woarde wie se hielendal slop.
Hja forkocht baelders. Wy trillen der oer as wy nei har ta moesten. Mem warskôge ús en sei: "Tink der om, nim noait in suertsje of sa fan har oan!"
nl.verhalenbank.23943
As men in apel fan in tsjoenster krijt, mat men dy apel noait hielendal opite. Hwant oars krijt men in levende pod yn 't liif.
Wy mochten ek noait trije kear achter elkoar "ja" sizze. Hwant dan hie de tsjoenster jin yn 'e macht.
Der wie froeger in jonkje, dêr boarten wy wol mei. As der in âld minske foarby gong, dan sei er altyd:
"Ien âlde duvel, twa,...
nl.verhalenbank.20735
In Zwartsluis was een man, die kon teuveren. Hij heette Jans. Als er op de werf een schip van stapel liep was dat altijd een beetje feestelijk en dan mochten de kinderen op het schip. Eens mochten de kinderen van een kwaaie werfbaas Prins niet op het schip komen. Jans zei: "Als je de kinders er niet op laat, loopt het schip niet van stapel." En wat ze ook...
nl.verhalenbank.43537
Der hat froeger by ús mem en dy ien bitsjoend west, ik wyt net mear hwa. Mar mem joech Thys Weening dêr de skuld fan. Thys Weening sutele mei in fetsje mei pikelhearrings yn 'e Harkema en dy doarst noait by ús oer de drompel to kommen. Dêr hie mem duveldrek ûnder lizzen en dan kin in tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.22719
Mem har muoike Lys dy hie in dochter, dy wie bitsjoend. Sy gongen nei in duvelbander ta en krigen guod. Der kaem altyd in kat by muoike en dy.
Sy makken it hinnegat en alles goed ticht, mar it joech neat, dy kat kaem der altyd yn. Dy kat, dat wie de tsjoenster, sei de duvelbander.
Doe't it fanke fan it guod fan 'e duvelbander ynnaem, bigong se to koarjen....
nl.verhalenbank.19348
Jehannes Meerstra wie ris op in kear by ús, doe stie der in ynstektsjettel by ús yn 'e kachel. Dêr siet hyt wetter yn. Ien fan 'e bern stie der ticht by.
"Pas mar op," sei Jehannes, "dêr kin samar in flap hyt wetter út komme."
"Né," sei mem, "dat is noch noait gebeurd."
Mar hja hie 't net sein, of 't wie al sa. Der foel in flap hyt wetter oer de flier, út...
nl.verhalenbank.38180
Olle Wyberens Trien woonde in een old boufallig huus aan de bosweg. 't Olle wief kon tsjoenen.
Wie woarn as kinderen der bang feur. Op in oavend gingen wy der weer langs. Wy woarn met sen drieën of vieren fan jonges. Se was toen sa'n fyfentachtich joar.
"Sollen we har us uutrachen foar tsjoenster?" seiden we.
Mar doe't we dat deedn haddn we der aan dat we...
nl.verhalenbank.25853
Hjir tichteby wenne in âld minske, Grytsje, dy hâldde der in winkeltsje op nei. De minsken seinen, dat wie in tsjoenster.
Hjir net sa fier of wennen twa minsken, dy hienen in bern. Dat woarde siik en doe't it slim siik wie kom Grytsje dêr om nei it bern to sjen. Fuort dêrnei is it bern stoarn. Nou wie it dy frou net út 'e holle wei to praten dat âlde...
nl.verhalenbank.36806
Datselde âlde minske hie in dochter, dy koe èk tsjoene.
Op in moarntiid bitiid hat ien sjoen dat de mem mei de dochter om in beam hinne oan 't tikkerboartsjen wie.
nl.verhalenbank.25661
Myn man Ringer fortelde, syn mem en hy hienen syn suster us nei Kûkherne ta brocht, dêr't se tsjinne. Sy wienen oer in planke gong oer 't wetter en sa troch 't lân oan in reed ta.
't Wie let yn 'e joun.
"Hark, dêr binne noch guon", sei heit.
"Ja," sei syn mem, "in hiele keppel."
Hja gongen dy kant út, dêr't se de stemmen weikommen hearden. Doe seagen se...
nl.verhalenbank.20732
Antsje Fiter roan mei in kuorke mei snypsnaren. Dêr sieten ek fiters yn. Dêr hie se de bynamme fiter fan.
Hja wie in tsjoenster. As der ergens in poppe geboaren wie, mocht hja der net yn. Hja hat by guon krânsen yn 'e kessens tsjoend.
nl.verhalenbank.21362
Ael Westra hat in dochter, dy is troud mei Fokke Witteveen. (hy is noch út 'e famylje fan Sterke Hearke)
Fokke syn wiif kom us by ús doe't ús bern siik wie. Hja nom it op 'e skoat en lake en skattere hyltyd mar.
Doe kom ús kat der yn. Doe krige se dy en aeide op 't beest om. Hyltyd mar troch.
De oare deis wie ús kat dea. Dy hie se deatsjoend. (de kweade hân)
nl.verhalenbank.21462
Alde Minne Ael wie in tsjoenster. Dy har suster hie in jonkje, dat bigoun altyd om deselde tiid to jammerjen. Dan koe se 't bern noait stil krije. Doe gong se in kear nei har suster Minne Ael ta. "Kinstû der hwat oan dwaen?" frege se.
"Stil mar," sei Ael, "it bern is al stil."
't Wie Ael har wurk dat it bern sa'n pine hie.
nl.verhalenbank.36861
Der wienen minsken, dy hienen in bern, dat wie bitsjoend. Doe gong de heit nei de duvelbander ta. Hy krige fan de duvelbander in flesse drank mei. Doe't er ûnderweis wie nei hûs ta kom de soan fan 'e tsjoenster him tsjin.
"Hastû fuort west?" frege dy.
"Ja", sei er.
"Hast in drank by dy?"
"Ja", sei er.
"Lit my dan us sjen."
"Né, dy krijst net to sjen." En...
nl.verhalenbank.17703
Alle Tet fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Sy wie blau om 'e kop doe't se dea wie en sa slop as in flarde. Wy ieten as bern noait hwat fan har op, hwant dan krigen wy in pod yn 't liif seinen se.
nl.verhalenbank.19465
In bern rekke faek bitsjoend as in tsjoenster sa'n bern hwat joech, in apel of sa. Dan kommen der krânsen yn 'e kessens en woarde it bern siik.
Dan gongen de âlden nei Wopke ta. Wopke joech har in flesse drank mei foar it bern. En dan sei er: "Pas op, as der guon by jimmes yn 'e hûs komme. Dy flesse meije se net sjen." De krânsen yn 't kessen moesten...
nl.verhalenbank.21471