Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us heit wie mattewever. Hy moest ris in kear tried brûke. Doe gong er nei Rikele Myt ta. Hy nom myn broer mei. Dat wie doe in jonkje fan sa'n acht jier.
Myt joech it jonkje in bak.
Sûnt dy tiid wied er siik. Doe sei heit: "As er dea giet, dan sjit ik Rikele Myt dea."
Doe seinen se tsjin heit, hy moest nei de duvelbander ta. Dêr soed er dan hinne. Hy soe...
nl.verhalenbank.25394
Heit en dy wennen op 'e Fjouwer Roeden. Sy hienen in jonkje, dat woarde siik. Sy woenen nei Greate Wopke ta to Kûkherne. Mar sy koenen it wetter fan it bern net meinimme, dêr wie 't noch to lyts ta. Doe nom heit it himdtsje fan 't jonkje mei.
"Wite jo ried?" sei heit tsjin Wopke. Hy liet Wopke 't himdtsje sjen.
Wopke biseach it en sei: "Der komt wolris in...
nl.verhalenbank.22161
Myn mem hie froeger altyd duveldrek yn 'e klean binaeid.
nl.verhalenbank.27578
De bern droegen duveldrek yn in pûdtsje op 't boarst. Dat kochten se meast yn 'e apteek.
Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se nei de duvelbander om in drankje. Us heit syn omke hat der ek alris hinne west.
"Tink der om," sei de duvelbander tsjin him, "der kinne dy ûnderweis wolris beesten by 't boarst opspringe." Dat gebeurde ek. Der sprongen katten...
nl.verhalenbank.27236
Yn 'e Harkema wenne in âld minske, Fogeltsje-moai. Hja hie petroalje en baelders to keap. It wie in tsjoenster, seinen se.
De bern wienen bang foar har, dy doarsten net nei har ta.
Der woarde sein dat se wol bern deatsjoend hie.
nl.verhalenbank.27234
Tsjoensters kinne har yn in kat foroarje. Hja tsjoene krânsen yn 'e kessens. Harms Ale die dat ek, dy wenne yn 'e Harkema.
De bern dy't dêr op leinen, wienen bitsjoend.
't Gebeurde wol dat se in kat sloegen. Dan hie in âld-minske de oare deis in stikkene skonk of earm.
As se de krânsen forbrânden fleagen de katten by de glêzen op.
De lju hienen hâlden en...
nl.verhalenbank.27235
Yn 'e Harkema wie in húshâlding, dêr hienen se in bern, dat wie net goed. It tjirme en it hie lêst fan termynsetten.
Doe gongen se nei de duvelbander ta. Ik tink hast dat dat Frânse Hinke west hat fan 'e Rottefalle.
Dy joech in drank foar it bern mei oan 'e heit fan it bern.
't Wie yn 'e winter en der lei sterk iis. De man hie op redens nei Rottefalle ta...
nl.verhalenbank.37527
Heit en omke Piter fortelden, se wienen us in kear oan 't murdzjen. 't Wie yn 'e nacht. Sy wienen yn 'e Fûgelkamp yn 'e Harkema, doe hienen dêr twa lytse bern oankom. Dy wienen alhiel neaken en sy hienen elkoar by de hân beet hawn. Sa hienen se dêr omkuijere. Heit en omke moesten oerside om dy berntsjes plak to jaen.
Men woe wol ha dat dy berntsjes gjin...
nl.verhalenbank.27042
De frou fan Aelsen Hollander hiet fan Tsjutsje. Dy wie siik. Bontsje, de frou fan Jits de Vries kaem faek by har to kofjedrinken. Bontsje wie in tsjoenster, it lei dus foar de hân dat dat minske Tsjutsje bitsjoend hie.
Hja gongen nei Frânse Hinke ta, de duvelbanster fan 'e Rottefalle.
"Hwa komt faek by jimmes?" frege Hinke.
"In âld minske, Jitse Bontsje",...
nl.verhalenbank.37528
Op in kear doe siet Douwe Stavasius by ús. Der stie op it hiem in buorfrou mei in lyts bern op 'e earm. Hy sei tsjin har: "Ja, Janke, dû silst net lang mear mem fan dat bern wêze." Binnen trije wiken wie it bern dea.
nl.verhalenbank.27575
By uzes wie in poel, dêr seinen se fan - doe't ik in bern wie, dêr soe in fanke yn fordrinke mei in grize mûtse op. Ik droech yn dy tiid in grize mûtse. Mem hat him doe fuort opbrând omdat se bang wie, dat ik dêr yn fordrinke soe.
nl.verhalenbank.27574
Op in kear sei Piter de Graaf syn frou: "Us berntsje mat nou binnenkoart nei skoalle ta. Wy matte hwat klean foar har keapje."
Piter sei: "Dat hat noch wol tiid, dêr kinne wy noch wol hwat mei wachtsje."
De deis dat it bern nei skoalle soe, brochten se har nei 't hôf ta. Dat hie Piter fan tofoaren al sjoen. Dêrom hied er sein: "Dat hat noch wol tiid."
nl.verhalenbank.24253
Myn buorman wie Piter de Graaf. Dy leeft noch. Hy wennet nou yn it wurkhûs yn Grinzer Pein. Hy wie mei de helm geboaren. Hwat dy ús allegear wol net forteld hat! Hy seach alles fan tofoaren.
Op in moarn kom ik by harren. "Hoe is 't mei 't famke?" frege syn frou. Wy hienen in famke, dat sukkele. 't Bern wie geestlik ek net hielendal goed.
Ik sei: "Och, wol...
nl.verhalenbank.24252
Doe't wy krekt troud wienen, wennen wy oan 't Wyldpaed by pake yn. Wy hienen al in pear bern. Alle moarnen kom stammerige Harm by ús lâns. Hy hie in sek by him, hwant hy roan to skoaijen. Elke kear bleau Harm by ús foar 't glês stean en dan frege er: "Hoe giet it mei de lytse jonge?" Ik sei altyd: "Goed." Mar sa faek as Harm dêr stien hie, bigong de jonge...
nl.verhalenbank.19888
Der wurdt wol seit dat as men in apel krijt fan in tsjoenster, dat dy yn in pod foroaret, as men him biwarret.
Myn suster wennet yn 'e Harkema. Dy giet ek foar in tsjoenster troch. Men wyt net hwat dêr fan wier is, fansels, mar ik haw it ek net rjocht op har stean. As se hjir froeger by ús kom, nom se de bern altyd hwat mei. As de bern dat dan opieten,...
nl.verhalenbank.19875