Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Mem hie in muoike, dat wie Hiltsje Alles Adema. Hja wie troud mei Hidde van Houten, in timmerman to Grins.
Hiltsjemoai forstoar yn 1883 en kom yn Garyp ûnder 'e ierde. Us mem wie doe swier fan myn jongere broer Tseard. Mar sy woe by de biïerdiging fan Hiltsjemoai yn Garyp wêze en sy hat der ek hinne west.
Mar doe't Tseard geboaren woarde, wie dy alhiel...
nl.verhalenbank.22982
Myn âldste suster hie nou fiif en sauntich jier west. Hja wenne njonken it café fan Kielstra.
Heit en dy hienen in krêbbe yn 't bêdsté, dêr sliepte ús Pytsje yn. Altyd om deselde tiid yn 'e nacht, tusken ien en twa ûre, bigoun it bern forskrikkelik to jammerjen en to razen. Se koenen har noait stil krije, sa angstich en sa binaud wie 't bern.
Doe kom âlde...
nl.verhalenbank.21092
As bern woarde ús forteld, as wy hwat opieten, dat in tsjoenster ús joech, dan krigen wy in pod yn 't liif. Om dy kwyt to reitsjen, moest men safolle griene sjippe en in stik of hwat spjelden en safolle wetter dêr op mei elkoar siede. Dan moest men dat focht dêr ôf dreagje. En dan moest men fan dat focht nou en dan hwat opdrinke. Men woarde dan bot...
nl.verhalenbank.21096
Op 'e Sumarreheide wenne Beint Boonstra. Dy wie o sa wreed tsjin syn bern. Der wienen ek al in pear bern stoarn. Guon seagen dêr jouns bern om 'e doar hinne.
Doe hat de plysje der hinne west. Dy sei: "Jo matte de bern nachts net bûtendoar ha."
Doe woarde Beint hiel bot kjel en sei: "Ik ha nachts gjin bern bûtendoar."
It wienen de deade berntsjes, dy't dêr...
nl.verhalenbank.17120
Marij dy hat har eigen bern Bet bitsjoend. Marij stuts harsels nou en dan yn 'e side. As se dat die, dan raesde Bet it út fan 'e pine.
nl.verhalenbank.21335
It gebeurde op 'e Tike dat der ergens by minsken yn it achterhûs trije neakene berntsjes forskynden. Dat gebeurde herhaeldelik. Dy berntsjes dounsen om 'e stile hinne.
De stumperkes hienen gjin deaklean meikrigen. Dat binne de lju gewaer woarn, dy't dêr doe wennen. Doe ha se op in kear dêr om 't hoekje by de doar foar elk fan 'e berntsjes in stel deaklean...
nl.verhalenbank.21094
Doe't ik in famke wie fan sa'n jier as seis - doe wennen wy noch oan 'e polderdyk - doe seach ik op in jountyd klear de lokomotyf fan 'e tram de hoeke om gean. It wie in great, swart ding. In skoftsje dêrnei doe is de tram dêr kom.
nl.verhalenbank.21340
Yn Aldegea roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr woarden de bern wol bang mei makke. Der wienen minsken yn Aldegea, dy wienen bang dat se de fôlle tsjinkomme soenen.
nl.verhalenbank.21790
Douwe Baeije (de frou fan Douwe v.d. Meer) wie in tsjoenster. Hja tsjoende krânsen yn 'e kessens, dêr't de lytse bern op slepten. Hie se dêr trije folle krânsen yn, dan gyng it bern dea. De âlders gongen nei de duvelbander ta, dy rêdde der fierder mei.
nl.verhalenbank.32122
Sjoerd en Ael (Sjoerd potskipper) fan Sumar hienen in berntsje, dat wie noait rjocht goed. It bern hie in krâns yn 't kessen en doe wie 't wol dúdlik, dat der forkeard spul yn 't wurk wie. Sy fortochten in âld bolkoerrinster der fan, dat dy it bern bitsjoend hie. Dy frege altyd hoe't it mei it berntsje wie.
Op in kear, doe kom se der wer oan. Sy sei: "Hoe...
nl.verhalenbank.22911
As de lytse bern tsjirmen moest Piter Poes komme.
Piter Poes koe de soldaten ta de hurddobbe útkomme litte. De bern wienen stjerrend-binaud foar him.
nl.verhalenbank.21773
It gebeurde ek yn 'e Harkema, dat dêr in bern bitsjoend rekke. Dat hat wylde Tsjerk my us forteld. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dy wenne yn Kûkherne. Hy joech in drankje mei en sei: "Tink der om. Underweis is der in kat, dy is 't om 't drankje bigong. Mast der om tinke", sei er, "dat der gjin fremde minskeegen oer it drankje gean."
Underweis wie...
nl.verhalenbank.21338
Der wenne in âld-minske yn Garyp, dat wie in tsjoenster, seinen se. Op 'e houtsjepaden wie in houtsje dêr sette ien fan 'e bern altyd in krús foar, dan koe 't âld-minske der net oer komme. Dan gong se altyd in ein om.
nl.verhalenbank.22790
In tsjoenster mat yn 'e safolle jier ien deatsjoene, oars mat se sels dea. Bitsjoent se in bern en sitte der trije folsleine krânsen yn 't kessen fan 't bern, dan is 't net mear to rêdden. Sy gongen hjirwei meast nei Wiger Wartena, de duvelbander fan Warten. Dy joech in drankje mei. De krânsen moesten forbrând wurde, wylst alles ticht siet.
nl.verhalenbank.22781
Beppe fortelde, dat der hie froeger in arbeider wenne oan 'e polderdyk, ûnder Aldegea, dêr't wy ek wenne ha.
Dy wie de klaei oer oan 't wurk. Doe seach er dêr yn 'e nacht syn wiif dea yn 'e kiste lizzen mei in dea popke by har. Hy is fuort nei hûs ta gong en doe't er thús kom lei syn wiif mei it popke al dea yn 'e kiste.
nl.verhalenbank.20311
Hjir yn Garyp wenne froeger in widdou. Dat minske wie der deis altyd op út to arbeidzjen om in deihier to fortsjinjen. Har famkes moesten dan it wurk thús dwaen. Mar dêr kom noait hwat fan. It spul wie noait in kear fan kant as de widdou thús kom. Doe biskrobbe se de famkes. Mar doe seinen dy:
"Hjir komme alle dagen twa famkes by ús. Dy binne neaken en sy...
nl.verhalenbank.20250