Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e Hamsterfeart leit in flauwe bocht: de Brabantse bocht. Dy namme is sà ûntstien: Doe't dy feart opnij opgroeven woarde, moest dy troch groun fan 'e tsjerke hinne.
Der stie yndertiid in doomny yn 'e Ham, dy hearde dat. Dy sei: dy feart komt net troch tsjerkegroun. Doe moesten se by dy groun lâns en sadwaende kom der in flauwe bocht yn 'e feart. Omdat...
nl.verhalenbank.28897
To Surhuzum, op it plak dêr't nou de pypketsjerke (= grifformearde tsjerke) stiet, dêr hearden se fan tofoaren al psalmsjongen.
nl.verhalenbank.37230
Fan 'e frijmetselers mat der om 'e 7 jier ien dea. Dat wurdt troch it lot bislist. Frijmitselers ha noait forlet fan jild. De iene helpt de oare altyd. Dat jild komt fan 'e duvel. Dêr binne se oan forkocht. Ienkear frijmitseler altyd frijmitseler. Jy kinne der net wer by wei. Hja hawwe in aparte frijmitseler-tsjerke. Dêr sitte de glêzen boven yn. Dan kin...
nl.verhalenbank.37250
De Rottefalster doomny hâldde einen. Mar dy woarden him sa njonkenlytsen allegear ûntstellen. Doe stie dy doomny op in moarn op 'e preekstoel en doe sei er:
"Ik zeg niet gemeente, dat je dieven zijt,
maar ik raak al mijn eenden kwijt."
Doe hie ien fan 'e leden fan 'e tsjerkerie syn einen stellen.
nl.verhalenbank.29287
Op it plak dêr't Warmolds letter yn 'e Harkema in houten tsjerkje delsette litten hat, hearden de minsken fan tofoaren al muzyk. 't Wie muzyk fan in trompet en in hoarn.
Letter spilen se dêr op by de preken. Dat wie foartjirmerije.
nl.verhalenbank.28778