Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: kerk Narrator Gender: male Place of Narration: Eastermar
Klaes Wedzinga wenne op 'e Dunen yn Harkema. Froeger leaude er nergens oan, mar dat is oars woarn troch in foarfal yn syn libben. Doe rekke er bikeard. Op in kear soed er oer in houtsje. Mar midden op it plankje, dêr stie de duvel. Klaes woe der oer, mar dat koe allinne as de duvel fan it plankje ôf gong. Doe krige Klaes syn mes en dêrmei raemde er op 'e...
nl.verhalenbank.12271
Der stie in doomny yn it doarpke A, dy moest ris op in snein nei it doarpke Z. ta to preekjen. A. en Z. leinen in hiel ein út elkoar. De doomny gong op 'e fyts dêr hinne, en der gong in âlderling mei. Doe't se sahwat op healwei wienen, yn it doarpke K, sei de âlderling: "Ik haw hjir in âlde muoike wenjen. Dêr kinne wy wol even oanstekke om in pantsjefol...
nl.verhalenbank.33637
Yn Minnertsgea kom in nije doomny to wenjen. Al gau kommen de middenstanders op 'e pasterije tasetten om 'e gunst to freegjen. Earst de bakker. "Ik kom by jo yn tsjerke frou," sei er tsjin mefrou, "dat ik woe jo graech as klant ha." "Nou, dat sil wol losrinne," sei mefrou, "komme jo mar oan." Doe kom de slachter. Dy sei tsjin mefrou: "Ik haw in greate...
nl.verhalenbank.33636
Heit hat ek faek forteld dat der minsken wennen oan 'e Hearrewei dy hearden dêr op in plak hyltyd timmerjen en klopjen en mei balken smite ensa. Letter is op datselde plak de grifformearde tsjerke kom. 't Wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.33850
Der kom ris in tige jonge doomny om utens wei hjir to preekjen. Dy doomny droech in bril. 't Wie yn 'e moarn. Doe sei ien fan 'e tsjerkeriedsleden tsjin him: "Jo ha ek al bitiid in pear gleskes op." Doe sei doomny: "Kun je 't ruiken?"
nl.verhalenbank.33688
35