Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: kerk Place of Narration: Kollum
Doe tochten se: Lit ús dan mar even tsjin dy oare toer oanlynje, dat liket in sterken-ien. It wie de Stienzer. En sjoch, dy bijoech him net, dy bleau stean. Dêrom hjit dat plak 'Stiens'.
nl.verhalenbank.20940
In dûmny moest faek op in snein-to-joun, as er earne preekje moest, de Godleassingel lâns by Feanwâlden. Dêr spûke it. As er oan 'e brêge ta wie wie 't spoek foar de brêge en wie hy der oerhinne, dan wie 't achter de brêge.
nl.verhalenbank.31656
To Wytgaerd foel ien fan 'e toer, wylst de tsjerke boud woarde. Ien seach dat fantofoaren.
nl.verhalenbank.21743
Twa reuzen slotten in feart. Elk mei in heale bollepream. Hja wienen warch en woenen even bikomme. Doe linen se tsjin 'e tsjerke fan Britsum. Dy koe 't net hâlde ûnder sa'n swier gewicht en biswykte. "Ik brits him", sei de iene reus. It plak krige de namme Britsum.
nl.verhalenbank.20937
Yn Wargea wenne in reus. In skipper wie dêr kom mei in skûtefol branje. Dy branje moest deselde dei noch út it skip wei, mar de skipper seach der gjin kâns ta. Doe sei de reus: "Ik sil dy helpe." Hy nimt de hiele skûte út it skip wei en leget him omkeard op 'e wâl. Hy hie dy deis oan 't slatten west en dus hied er syn nocht. Om hwat út to rêsten lei er...
nl.verhalenbank.20934
Doe gongen se nei de Falom. Mar dêr gong it har noch minder ôf, doe't se tsjin 'e tsjerke oanlinen. De hiele tsjerke foel om. Sûnt hjit it plak Falom.
nl.verhalenbank.20939
In mennich doarpen ha doe in namme krige. By Akkrom seagen se achterom yn 'e richting Aldeboarn, dêr't se wei kom wienen. Doe't se seagen hoe bochtich de Boarn woarn wie, suchten se: "Ah, krom!" En sa hyt dat doarp fan Akkrom. In ein fierder krigen se lêst fan wargens. Om't de lea har sa warch wienen, neamden se dat plak: Warge lea, nou Wargea. Fan...
nl.verhalenbank.19613
Doe gongen se nei Akkrum en dêr gongen se tsjin 'e tsjerke oan stean. Mar dy rekke forbûgd. "A - krom", sei de twadde reus. Dêrfandinne de namme Akkrom.
nl.verhalenbank.20938
De pastoar joech fragelearen oan in jonge. Hy bihandelde it bychten. Hy druide de jonge yn, dat as er bychte, dan moest er neat achter hâlde. Alles moest er sizze, hwant sei er, hy fortelde it ommers net wer. De jonge seach de pastoar us skean oan, krekt as fortroude er it mar heal, hwant hy frege noch us: "Sizze jo it wier net wer?" "Né, wier net", sei...
nl.verhalenbank.20929
Der mat in plak wêze, dêr soe in nije tsjerke set wurde. Doe ha de minsken op dat plak dêr de tsjerkelieten sjongen heard, sûnder dat der noch in stien fan 'e tsjerke stie.
nl.verhalenbank.29628
Us Metsje-muoi wenne yn Sweagerbosk. Hja hienen in bern yn 't krêbke lizzen boppe 't fuottenein yn 't bêdsté. Dat bern woarde siik. It bigong nachts altyd to razen. Dan fleach it bern út it krêbke wei by de sketten op, sa binaud hie it bern it. It woe mar net bikomme, hwàt se der ek oan dienen. "Se kin wolris bitsjoend wêze", sei Metsjemuoi. "Wy sille it...
nl.verhalenbank.36085
1