Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Aen Klokje (= A. Alma) roan ris op in jountiid allinne by de grouwe beam lâns doe seach er dêr de skime fan in keardel. Dy hie ek samar wer fuort west.
It spoeke dêr altyd by de grouwe beam.
nl.verhalenbank.25746
De boer en 'e frou wienen to praten. De feint, de faem en de lytsfeint bleauwen thús. De feint dy hiet fan Ruerd van der Veen. Doe helle de faem in buorrel op. Wylst tekene Ruerd by de faem op it bêdsket in gleone keardel. De faem woarde de jouns ôfgryslike bang, doe't se op bêd soe. Hja rôp de boer der by. Dy hie fuort yn 'e gaten dat Ruerd dat lapt hie...
nl.verhalenbank.20149
Ik bin Okke van den Berg
Dit is wier bard, hear! Teminsten, ik haw it Wytse Gal fertellen heard, en dy is it sels oerkommen.
Wytse Gal, hjir fan 'e Gallestreek, by de Feart lâns (te witten: op 't Surhústerfean), dy koe goed reedride, hear! Hy hurdried wol en hy wûn ek gau ris in priiske. Doe soe der in hurdriderij wêze hjir of dêr yn 'e midden fan...
nl.verhalenbank.13033
Mike Ruerd hat oan 'e Boskreed wenne. Hy hie altyd mei de duvel to krijen. It wie in rare woeste keardel. Op in kear hied er in foer baelders thús krige.
De duvel siet by him op 'e souder. Doe bigong Ruerd mei dy baelders to smiten nei de souder ta. Hy woe de duvel deasmite. Op 't lêst hied er 't hiele foer baelders op 'e souder smiten.
Soms moest Ruerd...
nl.verhalenbank.21153
Yn in boerespultsje ûnder de Ham rekke in bern siik. It bern tsjirme, dat wie skoan oan 't bern to sjen. Hoe't de dokter der ek mei omplastere, it joech allegear neat. It bern bleau in harterke, ja it kopke biklonk hoe langer hoe mear.
Doe sei de buorman tsjin 'e heit fan dat bern: "Dû mast opjaen fan dokterjen. Der skeelt dat bern oars hwat. Dêr hat in...
nl.verhalenbank.15782
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema spoeket in baerch mei in brijpot om 'e hals.
Ek is dêr in keardel dy't alhiel trochljochte is; in gleone keardel. Dy rint dêr om. Se seinen dat dat de duvel wie.
Fan Readskuorre oan 'e Smoarhoeke ta roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.17545
(It folgjende teltsje is oer-bikend. Ik hear it binei elke kear as dizze fragen bihannele wurde. Ik haw it noait opstjûrd, omt jo it grif al hawwe. Dizze iene kear meitsje ik dêr in útsûndering om, omt dit hwat wiidweidiger is as de measte forslaggen)
Yn Gerkeskleaster wennen trije mannen. Alle trije oersterke keardels. Doe sei de iene: Yn Droegeham mat...
nl.verhalenbank.16871
Oan 'e Nije Wei yn 'e Harkema wenne in arbeider, dy moest alle moarnen bitiid nei de boer ta, dy't op 't Wytfean wenne. Hy moest dan ien stikje lân troch om op 'e wei to kommen. Hy roan oan diz'kant in dyk. Doe wie der op in moarn oan 'e oare kant de dyk in grouwe keardel west. Dy roan like hurd as híj roan. Hy wie hyltyd njonken him bleaun. En hy hie...
nl.verhalenbank.19361
Rikele van der Veen wie boerearbeider. Alle moarnen gong er nei de boer ta. Hy gong de Nije wei lâns. Dêr wie doe in dyk njonken. Doe't er op in moarn wer dat paed lâns roan, kom der fan 'e oare kant in keardel oan, dy roan achter de dyk lâns. Sa passearden se elkoar. Rikele stande it net. Hy tocht: sa'n frjemde keardel op iere moarn, dy kin wolris net...
nl.verhalenbank.20127
Myn soan Earde Schippers wennet nou by Surhústerfean oan 'e Vierhuisterweg. Mar hy wie doe noch net troud, doe wenne er noch by ús yn 'e Harkema.
Hy hie us op in joun nei de faem ta west. Hy kaem èk by Willem Hofstede lâns en de skeane tippe groun. Doe seach er dêr midden yn 'e nacht in hiel great fjûr mei stiennen yn 't fjouwerkant dêr om hinne. Krekt as...
nl.verhalenbank.22194
Wibe Alma fortelde: Ik stie to pisjen by de dyk. Tichteby op 'e dyk stie in ikeboskje. Ik seach omheech en doe siet dêr in keardel boven yn dat boskje. Ik tochte dy is bang foar my; dêrom is er yn dat beamke krûpt. Ik sei: "Kom dû dêr us wei, dan sil 'k mei dy rêdde." Mar doe pakte dyselde my en hy smiet my hinne en werom beide kearen oer de dyk hinne. Hy...
nl.verhalenbank.20959
Der wie in boer, dy soe nei stêd ta. It wie wintermoarn en noch tsjuster.
"Ik sil dy in pear spekbroggen rémeitsje foar ûnderweis", sei it wiif. En hja nei boven ta, nei it spekhok. Hja snijt en snijt, mar kin der mei gjin mooglikheit in stik ôf krije.
Hja komt wer by har man en seit: "It spek is sa taei en sa hurd, it wol alhiel net snije."
"Dat liket...
nl.verhalenbank.17717
Yn 'e Harkema wie in frou dy wie op in moarn krekt oan 't kacheloansetten west. Doe lei se wer even op bêd. Doe kom der in nachtmerje by har. Sy koe net in wurd útbringe, mar sy hie noch sjoen, dat it in lyts, swart keardeltsje wie.
nl.verhalenbank.23666
Ik hie to jounpraten west. Ik gong in sânreed del.
Doe stie der ynienen in hiele greate keardel foar my mei de strampels wiid fan elkoar. Ik roan dêr mei in bôge om hinne. Op itselde plak kom nei jierren in peal mei in strampel to stean foar 't elektrysk ljocht.
nl.verhalenbank.15511