Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Nachtmerrie of mare:
Mijn vader, Doeressen Driekske, en zijn broer Pierke sliepen samen in een klein kamertje in een bedkoets. Soms konden ze de slaap niet vatten, en was het of er een duistere dreiging boven hen hing. Plotseling hoorden ze een gekrabbel aan de klompen vóór het bed; daarna was het, of er iets tegen de bedplank opliep.
Opeens kregen beiden...
nl.verhalenbank.57960
As der minsken wienen, dy't sawn dochters hienen, dan wie ien dêrfan in nachtmerje. Sa'n nachtmerje kom nachts by de minsken. Sy kom earst op 't fuottenein, by de teannen en gong sa stadich omheech. Op 't lêst siet se op 't boarst en dan knypte se de minsken de hals ticht.
Se kom yn 'e hûs troch 't kaeisgat. Dêrom lieten de lju de kaei nachts yn 'e doar...
nl.verhalenbank.22273
Myn soan hat ek wol in nachtmerje hawn. Dan seach er de persoan wol njonken syn bêd stean. Dan woe er graech raze, mar hy koe net. Se knypte him de hals ticht.
nl.verhalenbank.29776
Fan sawn famkes dy't op elkoar folgje is ien in nachtmerje.
Fan sawn jonges, dy't op elkoar folgje is ien in wearwolf.
Ien fan 'e famkes fan Wiger Hollander (=W. Veenstra) wie in nachtmerje seinen se altyd. (Wiger Hollander wenne op it Wytfean). Dy gong nachts fan 't bêd ôf en dan gong se de minsken op 't boarst sitten en dan knypte se dy minsken de hals...
nl.verhalenbank.32778
Wienen der sawn famkes yn in gesin dan wie der in nachtmerje by. As men nachts op 'e rêch lei wie der kâns dat de nachtmerje by jin kaem. By 't fuottenein kaem se by jin, stadichoan kaem se heger, op 't lêst wie se oan 'e kiel ta. Lei men op 'e side, dan krige men der gjin lêst fan.
In nachtmerje kaem troch 't kaeisgat. Set men de toffels omkeard foar 't...
nl.verhalenbank.36868
Myn skoansoan hie praet heard oer nachtmerjes. Mar hy leaude der net oan. Hy sei: "Nou woe ik wol dat ik ris in nachtmerje krij."
Hy wie doe noch net troud en wenne by syn mem yn. Dy nachts gong er lizzen en doe kaem de nachtmerje by him. Hy wie op 'e rêch lizzen gien. De nachtmerje kaem earst by syn teannen, dat fielde er dúdlik, en sa kom se stadich nei...
nl.verhalenbank.29754
In nachtmerje is in minske. It is in minske dat in straf hat. Sa'n minske mat sawn jier lang in nachtmerje wêze.
Ik ha faek lêst fan nachtmerjes hawn. Ien kear ha'k ien sjoen.
Myn man wie fuort. 't Wie hiel ier yn 'e moarn. Ik wie allinnich thús mei twa berntsjes. Doe fornaem ik ien oankommen. 't Wie in manspersoan, in skipper. Hy hie in brún pakje oan,...
nl.verhalenbank.20096
Myn âldste suster Harmke wie in nachtmerje. Ik ha oardel jier by har slept, mar ik krige gjin wink yn 'e egen. Sa'n lêst hie 'k fan har.
Doe sei mem tsjin har: "Mast mar net wer by Klaske lizze."
Ik hie tiden dan smoarde ik hast. Hja lei boven op my en knypte de hân om myn hals.
Wy wienen mei ús tsienen fan susters, dêr wie Harmke de âldste fan. Hja is...
nl.verhalenbank.22030