Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Op den Dolder hadden ze 't altijd over de grijze kat.
Die wouën ze niet in huis hebben, want dat was een tovenaar. Een vrouw heeft mij eens verteld: "Ik ben mijn muts eens kwijt geraakt en die had die kat uit de doos gehaald. En die kat zat in die muts. Die wou mij betoveren."
nl.verhalenbank.27084
Ik zou eens met moeder ergens naar toe. Toen gebeurde het dat een zwarte kat onderweg het pad overstak. Dat was niet best. Een slecht teken. Moeder was er een hele tijd overstuur van.
Als vroeger iemand een zwarte kat had, dan werd hij voor een tovenaar aangekeken.
nl.verhalenbank.21702
Alde Tet fan 'e Bulten yn 'e Harkema wie in tsjoenster.
Sy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.29347
Tsjoensters kinne har soms yn hazzen foroarje. Mar meast yn blauwe katten.
nl.verhalenbank.23035
In tsjoenster kin har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.21218
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.32927
Tsjoensters foroaren har yn katten. Faek hat men bisocht sa'n kat dea to sjitten, mar dy wie noait to reitsjen.
nl.verhalenbank.37707
De tsjoensters komme as katten byelkoar. Sy hâlde dan in forgadering en psalmsjonge.
nl.verhalenbank.21072
Tsjoensters foroaren har yn katten.
nl.verhalenbank.23707
"Er was eens een arme boerenfamilie. De familie had het moeilijk en kon met moeite iets op tafel krijgen. Uiteindelijk was het geld op. Hierop ging de boer naar de bakker. Van de bakker kreeg de boer meel op de pof. De volgende dag maakten ze er pannenkoeken van.
Toen verscheen echter een kat bij de boerenfamilie. Het dier zei:
"Meel haalt en niet...
nl.verhalenbank.30598
Alde Antsje Eggat (skelnamme) wenne by de Bouwetilster brêge yn 'e Harkema. Dat wie in tsjoenster. Sy foroare har samar yn in kat, seinen se. As bern wienen wy fjûrbinaud foar har.
Alle Tet wie ek in tsjoenster. Dy koe har ek yn in kat foroarje. Hja wenne op 'e bulten.
nl.verhalenbank.27796
Op in kear kom der in fremde kat by lju yn 'e hûs. 't Wie yn 'e Westerein. Se ha dy kat in slach joun. De oare moarns wie der in frommes, dat tichteby wenne, kreupel. 't Wie Piters Willemke, in echte tsjoenster.
nl.verhalenbank.21469
Tsjoensters foroaren har yn katten. Krige sa'n kat in opdonder, dan krige de tsjoenster in seare earm of skonk.
nl.verhalenbank.36667
Ik haw us in keppel katten byelkoarren sjongen heard. Se songen in psalm, 't wie hiel dúdlik. Mar doe't ik der oan ta wie, wie der neat mear.
Alde Jehannes Postma wie by my. It ha tsjoensters west.
nl.verhalenbank.21468
Hja ha hjir in kat alris in reis jown. Sy tochten dat it in tsjoenster wie. En dat wie ek sa, hwant de oare deis wie der in frommes kreupel.
nl.verhalenbank.28100
Alde Sytse Hil fan Sumarreheide hie altiten in rest katten om 'e doar. It gong dêr altyd op in razen en oangean. Dy katten, dat wienen har kammeraetskes.
nl.verhalenbank.23119
Yn 'e Haerlemmer steech wenne Roele Antsje (de frou fan Roel van der Veen). Hja gong foar in tjoenster troch. Nachts hie se de boppedoar op in toutsje, krekt lang genôch, dat der in kat troch koe. Dat wie foar har sels, hwant hja foroare har faek yn in kat, nei't se seinen.
nl.verhalenbank.20808
Tsjoensters koenen har yn in kat foroarje. Dy katten hâldden soms in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen.
nl.verhalenbank.25769
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Jowt men sa'n kat in optuter, dan is de tsjoenster de oare deis skeind.
Der wienen tsjoensters, dy hienen popkes, dêr't se yn pripten. Dy't se bitsjoend hienen, krigen dan pine.
nl.verhalenbank.37718
Tsjoensters foroaren har yn katten. Sa kamen se by de minsken yn 't bûthús en harken hwat der to rêdden wie.
nl.verhalenbank.21027