Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Tsjoensters matte yn sawn jier tiid op syn minst ien deatsjoene. Oars geane se der sels oan.
Se foroarje har faek yn in swarte kat. As se sa'n kat in optuter jowe, rint de tsjoenster de oare deis kreupel.
As se de krânsen yn 'e koekpanne opbakke, dan hat de tsjoenster it gesicht forbrând.
nl.verhalenbank.37208
Yn Twizelerheide wenne in âld minske dat koe har yn in swarte kat foroarje. Hja bitsjoende oare lju. Hja tsjoende krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.33442
Froeger woarde ús forteld, as men in slak dea die, dan bigoun it to tongerjen.
As in houn spûkgûlde gong der ien dea.
As in ekster op in pealtsje siet kom der bisite. De kant dêr't de ekster de sturt hie, fan dy kant kom de bisite wei.
As in kat him wasket en hy slacht him mei de poat oer 't ear dan komme der praters.
nl.verhalenbank.33450
Alde Jan Bearns van der Veen wenne yn 'e Mieden by de Bûtenpostumer feart. Hy hie in bern, dat wie net goed. Doe gong er nei greate Wopke ta. Dy wenne yn Kûkherne. Wopke joech him in drank. Hy sei: "Tink der om, dû mast aenst om in peal hinne. Dan komt der in kot by dy en dy wol by dy opspringe. Dû mast om 't fleske tinke."
Sûnder dat Jan der erch yn hie...
nl.verhalenbank.22761
Der wie in beurtskipper dy farde fan Feanwâldsterwâl nei Ljouwert. Dy hat ris in kear in tsjoenster deasketten. Hy hearde hyltyd in kat op it hiem jammerjen. Dêr krige er sa skjin syn nocht fan dat hy skeat der op. Hy hearde ien skreau en 't jammerjen wie gebeurd. Doe wie de tsjoenster dea.
nl.verhalenbank.37214
It gebeurde by in skipper to Feanwâldsterwâl dat dêr op in joun in fremde kat op 'e planke fan 't skip siet.
Doe joegen se dy kat in skop. De oare deis wie der in âld-minske, dat hie in blau plak oan 't wang.
nl.verhalenbank.37213
In tsjoenster, seinen se, koe har yn in kat foroarje. Myn frou (_) kom fan Sânbulten. Dêr yn Sânbulten wenne in âld-minske dy gong foar in tsjoenster troch. Myn frou leaude dat ek. Der woarde altyd sein, as der minsken wienen dêr't hja de pik op yn hie dan wie dat foar dy minsken net bêst. As hja by sokke minsken lâns kom, dan gong hja even nei 't...
nl.verhalenbank.34492
Ik wol gjin nammen neame, mar hjir yn Jistrum wennen froeger minsken dy woarden skoudere. Dy mochten net by de lytse bern komme en ek net by 't fé. 't Wienen meast âlde froulju. Tsjoensters woarden se neamd. Sy koenen har foroarje yn in swarte kat.
Guon woenen net in swarte kat ha, dat fortrouden se net.
nl.verhalenbank.20591