Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Beppe wenne to Feanwâldsterwâl. Dêr wie in bern siik. Dêr kaem altyd in swarte kat om 'e doar rinnen, dat wie de tsjoenster dy't it bern bitsjoend hie. De buorfrou sei: Tink der om, dat en dat âld minske, dy docht it. Dy makket jimme bern siik. Jimme matte in krús fan rogge meitsje ûnder 't kleedtsje by de drompel, dan kin se der net yn komme.
It bern hie...
nl.verhalenbank.31286
In tsjoenster kin har yn alle swarte dieren foroarje, mar meastal yn in swarte kat.
nl.verhalenbank.31236
Yn 'e wurkforskaffing fortelde ien my, dat dêr wenne by harren in tsjoenster, dy foroare har samar yn in kat.
Hja hie by harren thús froeger in bern bitsjoend. Doe hie syn heit duveldrek ûnder 'e drompel dien, doe koe se net mear by har yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.31972
Soms hâlde de katten in forgadering op in stik lân. Dat binne dan de tsjoensters. Dan meitsje se ferskes, psalmferskes, en dy sjonge se dan op 'e greid. Hja biprate dêr hwat se bitsjoene sille.
nl.verhalenbank.38148
Sikke Procé roan op in joun nei tolven oer de wei to Feanwâldsterwâl. Doe wie er sahwat oan it hûs fan Jehannes Meerstra ta, doe kaem der in swarte kat by him, dy roan him foar de fuotten. Sikke skopte de kat tsjin 'e poat oan, de poat wie stikken. De oare moarns hie Jehannes Meerstra de pols brutsen. "Dy ha 'k fannacht brutsen", sei er.
Jehannes hie him...
nl.verhalenbank.31014
Hekse-Harm (= stammerige Harm) wie èk in tsjoenster.
Der wenne in famke yn 'e Westerein, dy wie achter yn 'e tún. Dêr wie ek in kat, in fremde kat. Mem, sei se, hwat haw ik dêr in moaije poes. Hja nom de kat mei yn 'e hûs. Even letter siet Hekse-Harm by harren op 'e stoel en de kat wie fuort.
nl.verhalenbank.38147
Tsjoensters koenen har yn katten foroarje. Krige sa'n kat in optuter, dan hie de tsjoenster de oare deis in stikkene earm of skonk.
Bitsjoende katten (tsjoensters) hâldden forgaderingen om hwat to bipraten. Dan sieten se yn in rounte op in stik lân.
nl.verhalenbank.31204
Op Skûlenburch ha se ris in nije boerepleats boud. De hurddobbe wie al klear, mar se hienen forgetten dêr in lid op to lizzen. Doe kaem dêr in swarte kat oansetten - hwer't dy wei kaem wist net ien - en dy gong ta de hurddobbe yn en se ha him noait wer sjoen. Men biskôge dat as in kwea teken. Der rêstte gjin segen op dy pleats.
nl.verhalenbank.31402
Doe't ik yn 'e wurkforskaffing siet wie der ek ien, dy kom fan Burgumerheide. Dy sei, der wie by harren in tsjoenster, dy kom altyd by harren yn 'e gedaente fan in kat. Mar dan struiden se moal op 'e drompel, dan koe dy kat net by har yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.17128
Spoekjende dieren
Foarhinne hie men hjir op 'e hoeke in trijesprong. It is flak by de Westerein, mar ûnder Kollumersweach, en tichte by it spoar. Dêr op 'e ein wie in hiele grutte dobbe. Dêr wienen bern oan 't boartsjen. Doe seagen se, dat dy dobbe siet fol mei katten, boppe op it wetter, allegearre mei de sturten om har hinne.
nl.verhalenbank.12457