Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As der in spegel delkomt, dan komt der in sterfgefal. Dat giet altyd troch. It is faker as ien kear by ús gebeurd. As de spegel net stikken is, dan is 't fier fan jin ôf. As er stikken is, dan tichteby.
nl.verhalenbank.21603
Yn 'e Bosk yn 'e Harkema wenne Hindrik Wielpstra yn in hûs, dat is der nou ôf. Hindrik syn bern wie net goed. Sy founen krânsen yn 't kessen. Doe wisten se dat it bern bitsjoend wie. Doe gong Hindrik nei greate Wopke ta yn Kûkherne. Wopke joech him in drank mei. Dy die Hindrik yn 'e bûse.
Mar op 'e weromreis, al tichte by hûs sprong him in lyts hountsje...
nl.verhalenbank.22334
Der wie in faem, dy sei: Ik wol joun in frijer ha, as wie 't de duvel. Doe kom der de jouns ien by de doar. De frou sei: Dit liket net bêst, hy hat in knolpoat. 't Is de duvel. Doe wie de faem bang.
De faem hat doe diggelguod foar syn fuotten kapot smiten en doe is er wer fuort gong.
nl.verhalenbank.22332
Op in nacht hearde ik lawaei op 'e souder. Dêr komt oars noait ien, dat ik woarde kjel.
De oare deis wie der in swier ûnwaer. Alle lampkes yn 'e hûs hjir rekken stikken en boven op 'e souder wie 't spul hwat forinnewearre.
Doe ha se dat dêr letter wer opknapt, en doe hearde ik krekt deselde lûden, dy't ik dy nachts ek heard hie.
nl.verhalenbank.21449