Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik haw ris fortellen heard dat ien earne út in herberch wei (wie 't Swarteweisein) in speake út in tsjil stikken makke fan ien dy't dêr foarbykaem. Dyselde hie him de gek oanstutsen en dat wie syn wraek. Doe koe dyselde net fierder ride mei de wein. (Hy die dat sûnder by de wein to kommen.)
nl.verhalenbank.31321
De bern fan Jelle Huisman fan 'e Wygeast woenen net groeije. Hwat de âlders der ek oan dienen, it bleauwen tjirmers. Op it lêst kommen Jelle en 't wiif der achter dat de bern bitsjoend wienen. Der siet kweafolk achter. Jelle wie gau út 'e rie. Hy stapte nei greate Wopke ta. Wopke joech him in drank mei, mar sei der by: "Ik jow dy wol in drank, mar dû...
nl.verhalenbank.21966
Wierd Harms Hoogstins wenne oan 'e âld trambaen (dat wie doe noch gjin trambaen). Hy gong foar in siik hynder nei Hinse Jehannes de Boer op it Swartfean. Dat wie in soart féarts, mar hy wie ek duvelbanner. 't Wie yn 'e winter en dêr lei in dikke laech iis op it wetter.
Hinse joech Wierd in drank mei. Wierd wie dêr op redens kaem, mar doe warskôge Hinse...
nl.verhalenbank.31968
Dêr sieten guon yn in glêzen wein, dy kamen de kant fan Drachten út wei. Underweis bleauwen de twa hyns dy't foar de wein rounen, samar ynienen stean. Mei gjin mooglikheit koe de koetsier se wer oan 't rinnen krije. It wie krekt foar in herberch dêr't dat gebeurde. Doe stapte de koetsier út en roun ta de herberch yn. Hy seach hwat foar mannen dêr allegear...
nl.verhalenbank.31598
As in bern bitsjoend wie, gong it altyd sa om en ta. Der woarden krânsen yn 't kessen foun. De fear wie dêr ynelkoar gong.
Dan gong men nei Wopke duvelbannner ta. Dy joech in drankje. Wie men ûnderweis, dan sprong der 't ien of oare swarte ding - meastal in houn - by jin op.
Men moest de hân stevich op it fleske hâlde, oars gong it kapot. Hwant dêr wie 't...
nl.verhalenbank.23615
Myn pake en beppe ha beide bitsjoend west. De âlde minsken wienen lang net goed en doe't se de kessens iepen makken, kamen dêr krânsen út. Dy krânsen ha se opbrând. Hja ha der foar nei de duvelbander west en binne wer better woarn.
Fan Wopke krigen se in drankje. Underweis moesten se mei 't drankje om in hekke hinne. Wopke warskôge har, dat se dêr...
nl.verhalenbank.29661