Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Thomas en Clare rieden mei de hounekarre. Doe passearde der in lykstaesje, dy't se net seagen. Sy woarden mei karre en al yn 'e berm set. Doe't de lykstaesje foarby wie koenen se wer fierder.
nl.verhalenbank.27580
It wie yn 'e Harkema op in joune, moai let, tsjin 'e nacht oan. Ik wie by in ploechje jongfolk, dêr wie Taeke Postma ek by. Wy wienen op 'e Boskreed, dy't nou forhurde is.
Doe sei Taeke ynienen: "Even oan kant, jonges, der komt in lykstaesje oan." Wy gongen allegear oan kant wylst dy lykstaesje passearde, mar net ien fan ús, bihalve Taeke, dy't hwat...
nl.verhalenbank.28088
Yn 'e Harkema roannen op in nacht twa mannen neist elkoar lâns. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "Kom hjir hwat hinne, de wei mat frij bliuwe."
"Hwerom?" frege de oare, mar hy gong oan kant.
De oare woe neat sizze en bleau stean. Even letter fortelde er it. "Der wie in lykstaesje op 'e wei. Dêrom moesten wy oan kant."
Mar syn maet hie neat sjoen.
nl.verhalenbank.21541
Boardzer Bruining seach altyd lykstaesjes oankommen.
Us âlden warskôgen ús altyd: by nacht altyd oan kant bliuwe, noait midden op it paed rinne. Dat wie fanwege de lykstaesjes.
nl.verhalenbank.37849
Us heit Piter wie noch mar even troud. Op in kear sei ús mem: "Sille wy even nei myn folk ta?" "Bêst", sei heit.
Doe't se wer op hûs ta roannen, gongen se oer in sânreed. Heit sei ynienen tsjin mem: "Pas op, gean hwat oer side. 't Is hjir allegear wetter."
"Ei né," sei mem, "der is gjin wetter."
"Doe," sa fortelde heit letter, "stie 'k foar twa keardels,...
nl.verhalenbank.21209
It gebeurde froeger yn 'e Boelensloane noch al us dat in minske op 'e wei samar oan kant set woarde. Dan passearde der in lykstaesje, woarde der sein.
nl.verhalenbank.21413
Op in joun kom myn wiif Brecht de kant fan Kromelle út wei. Hja kom by de doomny wei, hja hie bilidenis dien. De bilidenisplaet hie se ûnder 'e earm. Doe't se oan 't Bouwekleaster ta wie, dêr't in lantearne brânde, seach se hwat oankommen. 't Wie swart. 't Hie de gedaente fan in minske. Mar 't wìe nèt in minske, dat koe se wol sjen. Hja tocht: nou mat ik...
nl.verhalenbank.21202
Boardzer Bruining fan Houtigehage wie mei de helm geboaren. Dat sei er sels. It gebeurde wol dat ien mei him oproun by jountiid of by nacht. Dan sei er: oan kant, der komt in lykstaesje oan. As de oare dan sei: ik sjoch neat, sei Boardzer: Mast mar oer myn skouder hinne sjen.
Dan seach dy oare it ek.
nl.verhalenbank.37764
Kij de Vries fan 'e Boelensloane wie us op in snein nei syn faem Anne ta west, dy wenne yn Beets. Let yn 'e nacht kom er werom. Doe't er yn 'e Rottefalle wie, woarde er dêr in lykstaesje gewaer. Sy hâldden him dêr beet, mar hy koe net sjen hwa. Hy koe foar - noch achterút.
nl.verhalenbank.28322
In broer fan my soe ris op in kear nei de faem ta. Dy wenne yn 'e Bûtenpostumer mieden. Doe't er by 't brechje kom, dêr't er oer moest, flak by 't hûs dêr't syn faem wenne, wie dêr in lykstaesje. Myn broer woarde oan kant set, hwant dy lykstaesje moest by him lâns.
In pear wiken letter stoar de beppe fan syn faem, dy't by har ynwenne. Dêr hie myn broer de...
nl.verhalenbank.28331