Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
182 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: kanaal
In frou út 'e Westerein hat ris sein, der soe mei gauwens in berntsje yn 'e Swemmer fordrinke. Hja hie it sjoen. Dat is doe ek koarte tiid dêrnei gebeurd.
nl.verhalenbank.36429
Oan dizze kant Beneden Haulerwyk dêr sweefden froeger altyd ljochtsjes oer de feart fan 'e ien kant nei de oare. Dy neamden se wylde lantearnen.
nl.verhalenbank.21170
n Ander geval van veurloop. Was aine, dai begravvenisn zag. Dizze man luip ook es n keer deur t veld mit n kameroad. Inains bliv-e stoan. “Wacht es eevn”, zeg e, “door zai k wat.” “Wat dan?” d Ander zug niks. “Ain hoes mit grode roamn.” Dat was wat biezunders, want dou destieds hadden de hoeskes lutke roamkes. t Hoes mit de grode roamn is loater wol zet....
nl.verhalenbank.43291
Doe't der noch reuzen yn Fryslân wennen, wienen der noch gjin fearten en gjin terpen. Dat se der nou wòl binne, ha wy oan 'e reuzen to tankjen. Hwant dy ha se der brocht. Hja hienen in ûnfoech greate pream, dy't se foar har út skouden troch de groun. En as de pream wer fol wie, kypten se him om op 'e wâl. Dan lei der wer in nije terp.
nl.verhalenbank.19612
Der wienen twa poepen, dy wienen op stap nei in boer ta om dêr yn 'e haeijing to gean. Hja roannen by de feart lâns, mar doe't se in eintsje roan hienen, wie der in bocht, en moasten se ynienen in oare kant út. "Ah, krom!" sei de iene tsjin 'e oare. Dat hearden guon, dy't dêr tichteby wienen, en dy seinen: "Nou ha wy fuort in namme foar ús plak: Akkrom!"
nl.verhalenbank.20656
Veurloop was dir vonzölf ook. Op Ter Hoar was aine, dei 't nei-knoal (= Ruiten-A-kanaal) zain heft. Schepen zag 'e voaren, Wied veurdat 't knoal groaven is.
nl.verhalenbank.42992
Der wie in skipper dy seach by de Potmarge altyd in neaken berntsje, dat by him by 't roer opkaem. It wie dúdlik dat it berntsje in winsk hie. Hy helle der in doomny by en doe sei it berntsje, de skipper moast nei de Wurdemerdyk tagean yn Ljouwert op dy en dy tiid. Dan soe dêr in dame rinne yn 't swart, dy't in pakje yn 'e hân droech. Dat pakje moast er...
nl.verhalenbank.21010
Ik hie in maet, dy wie like âld as ik. Ik tsjinne by de boer, mar hy farde op 'e Westereinder stoomboat. Tiisdeis gongen se nei Grins en woansdeis nei Dokkum ta. Dan moesten se de tiisdei-to-jouns har al klearmeitsje foar Dokkum, as se út Grins werom wienen. Myn maet roun op in tiisdei-to-joune let by 't kanael lâns nei de brêge ta. Doe wienen dêr wol...
nl.verhalenbank.38226
Yn 'e Feanster feart by de Melle Poalsreed hat in frommes om likernôch 1915 hinne sjoen dat in jonkje forsûpe moest. Dat frommes wie Sikke Antsje. Fuort dearnei is dear in jonkje forsûpt.
nl.verhalenbank.15607
Twa reuzen wienen oan 't slatten mei in feart ergens yn Fryslân. Op in stuit seagen se om. "A - krom", sei de iene tsjin 'e oare. (De feart wie hwat bochtich) Doe ha se it plak, dat dear lei de namme Akkrom joun.
nl.verhalenbank.15613
Mien moeder hef de bruggen en ook het kanaal van Nieuw-Amsterdam naar Coevorden gezien, wied veur die er waarn. De bruggen lagen op dezulfde plaatsen, die sie aanweezn hadde. Zo zee ze teminste, maar ik betwiefel dat.
nl.verhalenbank.45018
In mynhear kuijere de wei del. Hy kom by in brêge, dêr stie in jonkje. Dat jonkje gûlde hiel bot, hy snokte it út. De mynhear sei: "Hwat skeelt der oan mei dy?" It jonkje sei: "Sy ha myn stik bôlle yn 'e feart smiten." "Och hea," sei de mynhear, "wie dat mei opset?" "Né," snokte it jonkje, "mei leverwoarst."
nl.verhalenbank.33830
Yn Droegeham stiet in plaets, tichte by de Tille. 't Is op ien nei de lêste. Dêr wennet Albert Buma op. Froeger wie dêr in feart. Der hat doe in boerefaem op dy plaets tahâlden, dy gong der nachts altyd ôf. Dan bigong se to skrobjen en to bjinnen en to dweiljen en dan makke se alles skjin. Sy hie altyd foar moade it wetter út 'e feart to heljen en wylst...
nl.verhalenbank.21213
Romke de Vries wie ris oan 't poeren op 't kanael. Doe seach er in grouwe swarte houn op 'e wâl, tsjin 't wetter oan. 't Wie in pleachbeest. Hy jage him fuort, mar it beest kaem hyltyd werom. Doe gong Romke nei de wâl ta. Doe't er efkes letter wer yn 'e boat wie, siet it beest dêr wer.
nl.verhalenbank.36747
In mennich doarpen ha doe in namme krige. By Akkrom seagen se achterom yn 'e richting Aldeboarn, dêr't se wei kom wienen. Doe't se seagen hoe bochtich de Boarn woarn wie, suchten se: "Ah, krom!" En sa hyt dat doarp fan Akkrom. In ein fierder krigen se lêst fan wargens. Om't de lea har sa warch wienen, neamden se dat plak: Warge lea, nou Wargea. Fan...
nl.verhalenbank.19613
De reuzen groeven froeger de kanalen mei heale bollepreammen.
nl.verhalenbank.27058
Der wie in persoan, dy seach de kant út nei de Mar. Doe seach er hwat oankommen oer it lân. In feart wie der net. It like wol in skip, mar it hie gjin seilen. Letter die bliken, dat ding dat hie de Eastemarre boat west, dy't dêr letter farde op it plak dêr't se letter it kanael groeven ha.
nl.verhalenbank.21832
Ik liep eens met mijn vader langs het kanaal; daar blijft hij staan en zegt: “Kiek es, doar ligt n kerel in t woater en kropt er mit n stuk stro weer uut.” Ik kijk, maar zie niks. “k Zie niks gien biezunders”, zee ik tegen de oude heer. “Ie smerige jong; ik wies joe de plekke aan, woar die man ligt en ie zien niks; k zul joe toch n trap geven.” Ja, mijn...
nl.verhalenbank.44714
Doe't ik boerefeint wie, doe soe ús buorfrou in kear in baerch slachtsje. 't Wie âlde Antsje. De baerch moest noch slachte wurde, 't wie der oan ta. Doe sei se: "Nou woe ik net graech, dat myn leven sa koart wie as dat fan dy baerch." Mar men mat oppasse hwat men seit. Antsje gong nei de feart ta om dêr wetter út to heljen foar de kookpot - dat moest...
nl.verhalenbank.28433
As wy froeger baeije woenen yn 't Swartfliet yn 'e Harkema, dan sei ús Taeke-om: "Net yn dat wetter komme, jonges, hwant dêr mat ien yn forsûpe!" Gâns jierren letter is Piter Claus dêr yn forsûpt.
nl.verhalenbank.21205
1