Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
It wie froeger it gebrûk yn 'e Harkema dat de forstoarne mei in wyt lekken biklaeid woarde. Mar der moest altyd in stik ôfskuord wurde, omdat it oars to lang wie. It lekken mocht net fierder as oan 'e ankels takomme. Dat hâldde forbân mei de wederopstanding. Mei in to lang lekken koe men ommers stroffelje.
It is us gebeurd, doe hienen se in minske al yn...
nl.verhalenbank.21293
Doe't myn wiif Sjouk noch faem wie, hie se faek lêst fan nachtmerjes. Sy slepte op 'e souder en sy hearde de nachtmerje wol by de trap opkommen. It wie slim sa't dy nachtmerje har altyd pleage.
Doe sei har mem tsjin har: "Ast de nachtmerje nou wer oankommen hearste dan mast hinnegean en siz trije kear hiel lûd: "Duvel, duvel, duvel, dû wurdst gjin baes...
nl.verhalenbank.17536
Alde Bartele Vries fan 'e Hamster Pein koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dan bigongen se moai to marsjearen troch de keamer hinne.
Hy liet de hynders yn 'e stâl dânsje. Ik wie sa'n jonge, doe't er dat die.
Op 't Bomkleaster leit er op 't hôf. Hy hat in glês yn 'e kiste. Dat hie doe noch net in minske. Hy leit mei 't gesicht nei de plaets ta,...
nl.verhalenbank.33092
Wol men in flesse drank ha, dan mat men de flesse om 't hoekje fan 'e doar sette mei skop-penboer der by. Deselde dy't him dêr delset mei de flesse letter net oankrije. Is der net ien dy't de flesse oankrijt, dan giet dyselde dea, dy't de flesse der delset hat. De flesse komt binnens-weven. Op in kear doarst net ien de flesse oan to nimmen. Deselde dy't...
nl.verhalenbank.17445
Der kom us in man fan in houtforkeaping werom. Doe't er by de Liuwepoel kom, hearde er 'Help!' roppen. 't Lûd kom út 'e poel wei. Hy der hinne, mar der wie neat to sjen.
Der sit hwat yn 'e Liuwepoel, dat soms alles yn biroering set. Dan is de hiele poel oerstjûr. Men tinkt, dat der in munster yn húsmannet.
Sy ha der wol us in dik beest sjoen oan 'e kant...
nl.verhalenbank.21295
Der sieten in stik of hwat mannen byelkoar to kaertspyljen. Dy woenen in flesse drank ha. Sy bounen skoppenboer oan in lege flesse en doe wie der ien ûnder harren dy stjûrde dy flesse fuort. Even letter kaem de folle flesse werom. Dy sweefde boven yn 'e keamer om. Dy't him fuortstjûrd hie mocht him net oankrije. Mar net ien fan 'e oaren doarst de flesse...
nl.verhalenbank.17554
Mike Ruerd hat oan 'e Boskreed wenne. Hy hie altyd mei de duvel to krijen. It wie in rare woeste keardel. Op in kear hied er in foer baelders thús krige.
De duvel siet by him op 'e souder. Doe bigong Ruerd mei dy baelders to smiten nei de souder ta. Hy woe de duvel deasmite. Op 't lêst hied er 't hiele foer baelders op 'e souder smiten.
Soms moest Ruerd...
nl.verhalenbank.21153
Us mem hearde ris op in jountiid ien by de doar. Doe seach se dat der twa man ynkommen. Sy seach hiel dúdlik dat dy in baerke delsetten rjocht tsjin 'e muorre oan, hjir yn 'e keamer.
Hja siet yn 't hoekje fan 'e keamer. Sy woarde sa bleek as in doek. It swit bruts har út, sa binaud woarde se. Even letter wie alles wer fuort.
In pear wiken dêrnei kommen...
nl.verhalenbank.25736
Faek ha se my forteld dat in kanarjefûgel net mear sjonge wol as der ien yn 'e hûs stjert. Mar dan mat de kouwe hingje yn 'e keamer dêr't ien dea giet.
nl.verhalenbank.34522
Yn 'e Harkema wenne in lyts mantsje, dat wie in sekere Douwe. Dy hie in smarge winkel en kleanspul to keap. Hy liet de soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy eksersearden en marsjearden yn 'e keamer om. 't Jongfolk siet der faek.
nl.verhalenbank.17712