Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: kaas Narrator Gender: female
Oene Gjet hie ek nei Lamke ta west. Hja krige fan Lamkje in tsiiskoarste. Sy joech har famke der in stik fan. Dat bern krige in freeslike pine. Doe't se thús kom bigong se to koarjen. It wienen allegearre kikkertskoppen, dy't se útkoarre.
nl.verhalenbank.20012
Jehannes Meerstra kaem mei Edammer tsyskes bylâns. De famkes doarsten net nei de doar ta, hwant hy liet har samar de rokken ôfsakje. Myn suster hâldde de rokken altyd fêst beet, as hy der wie. It iene momint hied er neat yn 'e hannen en it oare momint hied er de hannen fol dûbeltsjes. Hoe't dat koe bigriep net ien.
nl.verhalenbank.36471
Myn man hat by Abe Kooistra yn 't wurk west. Doe kaem Jehannes dêr ris op in kear mei tsiis. Doe sei er tsjin 'e frou: "Jo ha dêr hwat yn 'e panne, dat wol der net yn bliuwe, 't siedt der allegear út wei." En sa wie 't ek. Der sieten terms yn 'e panne. Mar dêr bleau neat fan oer.
nl.verhalenbank.38262
Peije wie myn styfheit. Dy syn mem is bitsjoend woarn troch in stikje tsiis. 't Minske is der fan wei rekke.
nl.verhalenbank.24439
In stikje roggebrea kin men by in tsjoenster feilich opite. Dat kin se net bitsjoene. Mar docht men der tsiis op, dan is 't mis.
nl.verhalenbank.19997
In de Boreftse Meije (1) was een boer, die slechte kaas maakte, hoge kazen, bolle kazen. Dat kwam door een oud ventje dat met negotie liep. Daar ging een kwade geest van uit. Ze haalden er een geestelijke bij en die zei: "Je moet voor zonsondergang de melkboel binnenhalen, dan heeft de kwade geest er geen macht meer over". Ik heb er altijd iets van bij...
nl.verhalenbank.50559
Op in saterdei-to-moarn kaem Jehannes mei tsiis by my. Hy sei: "Mast ek tsiis ha?" Ik sei: "Né, Jehannes, ik ha noch wol tsiis." "Nou," sei er, "dat sizze jo al, mar hwat jo noch ha mei gjin neamen hite. Dat is mar sa'n lyts hoekje, sjoch mar ris." Doe gong ik nei de kast ta en wrachtich, dêr lei mar in hiel lyts hoekje tsiis mear. Ik sei: "Jo ha gelyk,...
nl.verhalenbank.38256
35