Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Spûkgûlde der in houn, dan leaude men fêst dat der in sterfgefal kom. De houn stie mei de kop nei de kant út to sjen dêr't ien stjerre soe.
As eksters skatteren kom der ek in deaden.
nl.verhalenbank.19692
Seach ien in wylde lantearne, dan bitsjutte dat in warskôging foar in ûngelok dat op komst wie.
Spoekgûlen fan hounen tsjut meast op in sterfgefal.
nl.verhalenbank.33225
As in houn spûkgûlt giet der mei gauwens ien dea, wurdt der altyd sein, en 't komt ek wol faek út. As in katûle earmoedich raest, komt der èk gau in deaden.
nl.verhalenbank.27522
Lubbe van Duinen fan 'e Grinzer Pein sei: "Rin nachts noait midden op 'e wei, hwant dan kinne jo tsjin in lykstaesje oprinne."
Ik wyt ek noch dat er ris sei: "Der hat ek wer in houn sa spûkgûld. Der komt wer in sterfgefal."
nl.verhalenbank.27490
As hounen spûkgûle, dan komt der in lykstaesje lâns. In houn kin foarútsjen. Sa'n dier sjocht dan de lykstaesje al.
Yn Houtigehage spûkgûlde in houn mei de kop nei in hûs ta, dêr't in frou yn forwachting wie. Der woarde in skoftsje letter in dea popke geboaren. Dat kom dêr doe lâns mei de dragers.
nl.verhalenbank.33774
In hûn as hoedingel
Der wie ris in dominy, dy koe ôfgryslik preekje en hy sei it de minsken tige oan. Dêr mochten party net oer: dy koenen de wierheid net ferneare en krigen it grau op him yn. Lykwols, se koenen lang net tsjin him op. En doe boaze dat oan, sa slim, dat der wienen guon, dy woenen him wat dwaan. Dominy hearde dêr wol ris wat fan grútsjen,...
nl.verhalenbank.11464
As in houn spûkgûlt, dan komt der in deaden. Ik ha 't sels fan ûnderfining. Wy hienen in houn dy hiet fan Bruno.
Dy siet op in dei hyltyd to spûkgûlen. Hy hâldde mar noait op. "Dy forrekte houn", sei 'k.
Even letter stoar mem oan in hartforlamming.
nl.verhalenbank.26119