Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
As in houn spûkgûlt komt der ien to forstjerren. Lammert wie in jonge fan Wolter Veenstra. Dy is forstoarn. Fóár syn dea hat de houn wol trije nachten spûkgûld. Doe't Lammert stoar wie't spûkgûlen oer.
Yn Oerisel yn Oudleusen dêr hearde in frou de houn fan 'e buorlju spûkgûlen. Se hie der alhiel gjin erch yn dat dat ergens op doelde. Mar de oare deis...
nl.verhalenbank.17579
As der ekstergeskatter om 'e doar is bitsjut dat meastal in deade. As de hounen spûkgûle, komt der ek in lyk.
nl.verhalenbank.37842
As in houn spûkgûlt krijt men in sterfgefal.
As der in hoop roeken of eksters op 't hiem komme, ek.
nl.verhalenbank.25658
Yn 'e Grinzer Pein wenne Sweitse Stopjern. Dy hie in hounekarre mei twa hounen derfoar. Op in kear doe wie er tichte by de Juliana-buert, doe woenen de hounen ynienen net fierder. Se wienen deabinaud en gongen jankend foar de karre lizzen. De beesten seagen grif hwat, mar Sweitse seach neat. Doe't de dieren dêr sa in skoftsje lein hienen kamen se wer...
nl.verhalenbank.37766
Us mem sei altyd as der in houn oan 't spûkgûlen wie koe men der mar fan op oan dat der in deaden op 'e buert kom. Der binne nòch in hiele protte lju dy't dat leauwe.
nl.verhalenbank.28084