Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Yn 't Suden fan Fryslân wenne in man, dy groef dêr in put. Hy woe wetter ha, mar koe gjin krije. Dy put wie hiel, hiel djip op't lêst en doe siet der op in moarn in bytsje wetter yn, mar dat wie sâlt. It wie séwetter. Dêr koe er neat mei.
Doe hearde dy man ûnder út 'e put wei in stem. Der waerd roppen: "Flechtsje fan dit lân!"
Doe hat dy man dat lân...
nl.verhalenbank.37942
Ien fan sawn jonges út ien húshâlding is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.38537
Fan sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf.
Wjerwolven matte der altyd op út. Dy ha in ploech.
In nachtmerje en in wjerwolf is it selde. In wjerwolf is in man, in nachtmerje is in frommeske. Mar se dogge beide itselde.
Men kin se fange. As je lêst fan in nachtmerje ha mat men jin mei moal bistruije.
Hjir yn 'e Westerein wenne in man dy hie...
nl.verhalenbank.38494
Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje. Der wurdt ek wol sein, dat de sawnde in kwyn is. De nachtmerje komt troch it kaeisgat nachts by de minsken. Hja giet nei 't bêd fan har slachtoffer ta en giet dan earst nei 't fuottenein en sa stadich omheech en dan giet se de minske op it boarst sitten en knypt him de hals ta, dat dyselde hast...
nl.verhalenbank.30394
Fan 'e sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf.
Yn Sweagerbosk hat in wjerwolf wenne.
Dy krige forkearing. Doe kom er op in joun werris by syn faem. Doe't er dêr in skoftsje by har sitten hie, sei er ynienen:
"Nou mat ik hwat dwaen. Dû mast my hwat jaen dat ik toroppe kin." Doe hat de faem him in skelk of in skûteldoek of sa jown. Dy hied er...
nl.verhalenbank.35982
In nachtmerje is ien fan sawn famkes út ien húshâlding.
Men mat in wiete dweil op in stoel of foar de stoel dellizze, dy't foar 't bêd stiet.
Men kin ek moal op it gesicht struije. As de nachtmerje moal oan har hat, kin se net fuortkomme. Se komme troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
Yn 'e spitkeet fan Albert (Alma) en Tet spûke it. 't Wie yn 'e Harkema. Hja...
nl.verhalenbank.10691
Hjir yn Garyp wenne froeger in widdou. Dat minske wie der deis altyd op út to arbeidzjen om in deihier to fortsjinjen. Har famkes moesten dan it wurk thús dwaen. Mar dêr kom noait hwat fan. It spul wie noait in kear fan kant as de widdou thús kom. Doe biskrobbe se de famkes. Mar doe seinen dy:
"Hjir komme alle dagen twa famkes by ús. Dy binne neaken en sy...
nl.verhalenbank.20250