Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
27 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: huishouding
Ien fan 'e sawn famkes út ien húshâlding wie in nachtmerje. Foar in nachtmerje sette men de toffels achterstofoar foar 't bêdsket. Men struide moal op 't gesicht.
nl.verhalenbank.38649
Fan sawn famkes dy't achter elkoar oan binne út ien húshâlding wei is ien in nachtmerje. Fan sawn jonges is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.29753
Achter it tsjerkhôf yn Heech, dat rounom de Herv. tsjerke leit, wennen trije frouljue. De mem wie thús; de heit wie skipper op ien fan de ielaken. De Hegemer ielaken hienen “previlegie” op Londen. Der wie altyd in lizplak foar de aken oan de kade biskikber, mar der moast ek altyd in aek lizze. Yn de oarloch is dit foarrjocht forlern rekke. De heit rekke...
nl.verhalenbank.50521
As der in húshâlding is mei 7 famkes is ien dêrfan in nachtmerje. Hja kin troch 't kaeisgat hinne. Sa komt se by in oar yn 'e hûs. De lju struije moal oer 't bêd om der gjin lêst fan to krijen.
nl.verhalenbank.38307
Binne der sawn famkes yn ien húshâlding, dan is dêr in nachtmerje tusken. De nachtmerje komt by de minsken troch 't slotsgat. Hja giet nei 't bêd ta en giet op sa'n minske sitten. Dan biset him alles. Dan kin er hast gjin siken mear helje. Men gyng wol hinne en sette de toffels achterstofoar foar 't bêd. Men miende dat de nachtmerje dan net by jin komme...
nl.verhalenbank.29811
In wjerwolf is ien dy't net sêd kin. 't Kin neat skele hoefolle er hawn hat, hy kin altyd wol wèr ite. Ien út in húshâlding fan sawn jonges is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.31124
In wjerwolf, dat wie ien, dy koe noait sêd, dy friet altyd troch. As der acht jonges yn in húshâlding wienen, dan wie ien dêrfan in wjerwolf.
nl.verhalenbank.37796
Myn Age-om is mei syn húshâlding nei Amerika ta gien. (Age van der Heide wie in broer fan mem). Doe't se yn Amerika oankaem wienen skreau er in brief. Sy hienen ûnderweis in sémearmin sjongen heard. In sémearminne dat is in wezen, heal frommes, heal fisk. Sy seinen oan board, dat bitsjutte dat der in deaden oan board wie of dat der ien kaem. Doe wie har...
nl.verhalenbank.17644
As der yn in húshâlding sawn famkes binne, is ien dêrfan in nachtmerje. Men kin in nachtmerje keare troch de klompen achterstefoar foar de doar to setten of men kin hinnegean en meitsje mei de klomp in krús op it paed, dêr't de nachtmerje lâns moat. Dêr kin in nachtmerje net oer hinne komme.
nl.verhalenbank.12265
Ien fan sawn jonges út ien húshâlding is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.38164
Hjir op 'e Wâl wenne in húshâlding, dat wie hwat rûch folk. 't Gong der yn 'e hûs by harren wolris mâl oan wei. Op in kear, doe't it hwat ekstra mâl wie, kom der by harren in greate swarte houn oer de ûnderdoar springen, dy kom by harren, en dy gong ek wer fuort. Doe ha se raer sjoen, hwant dat wie hwat fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.19632
Fan 'e sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.29532
Der wie in widner mei lytse bern. Dy widner hie altiten lêst fan nachtmerjes. Hy krige hast noait in wink yn 'e egen en seach tsjin 'e nachten oan. Doe klage er syn leed by in buorman. Dy wist hast altyd wol ried. Doe't dy him heard hie, sei er: "Hastû ek moal yn 'e hûs?" Ja, dat wie der wol. "Set dat dan op 'e tafel en jow dy dan joun mar rêstich del. Ik...
nl.verhalenbank.15783
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje.
nl.verhalenbank.38163
Ek by de minsken kaem de nachtmerje. In nachtmerje kaem troch 't slotsgat en socht it bêd fan 'e minsken op. De minsken setten de toffels achterstofoar foar 't bêd en hâldden de kaei yn 't slotsgat. De minsken bestruiden har mei moal. Dan bleauwen de nachtmerjes op 'e minsken sitten en koenen se der net wer ôf komme. Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding...
nl.verhalenbank.29509
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje. Ien fan sawn jonges út ien húshâlding is in duvelbander.
nl.verhalenbank.29710
Ik ha ek wol by Thomas Clare west. Dy wenne yn Feansterheide. Dat wie dêr in rûge húshâlding. Dêr wienen allegear greate jonges yn 'e hûs. Clare skodde de kaerten trije kear troch. Dan lei se der trije kaerten by wei, dy lei se omkeard op 'e tafel. Sy kearde doe earst de earste om en sei: "Dit acht je niet." Doe kearde se de twadde om en sei: "Dit...
nl.verhalenbank.19370
Op in nacht, doe't ik op bêd lei seach ik allegear hege huzen. De oare deis krige myn broer in ûngelok en moest nei 't sikenhûs ta yn 'e stêd. As jo yn in droom hege huzen sjogge, mat der altyd ien út 'e húshâlding nei 't sikenhûs ta.
nl.verhalenbank.38195
De ierdmantsjes gongen altyd yn 'e nacht nei skuonwinkels en kleanwinkels. Dêr makken se skuon en klean. Se gongen altyd troch de glêzen hinne en as der earne noch in protte wurk yn in húshâlding to dwaen wie, dan holpen se dy minsken stiltsjes yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.31038
Dy't op 'e klaei de koarts krige - de klaeikoarts - koe dy allinne wer kwyt wurde, as er wer nei de klaei ta gong. Dat haw ik sels yndertiid meimakke. Wy arbeiden faek yn Emden. Mei in boatsje via Delfsyl farden wy dêrhinne. Wy wienen dêr yn 'e kost yn in streek huzen, dat hiet Lombok. Dêr roan in ringat lâns en dêr stonk it tige. Minsken fan ús kant...
nl.verhalenbank.37702
1