Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Tichte by de Godloas Singel hat in boer wenne. Hy hie ris hwat forkocht en dêr hied er gâns jild foar bard. Dat jild hied er yn in blau sekje op 'e rêch. 't Wie tsjuster doe't er weromkom.
Der wienen twa mannen, dy wisten fan dat jild. Dy roannen him tomjitte om him to biroven. Doe't de boer fornom dat der hwat oankom, gong er gau ûnder in omkeard skouke...
nl.verhalenbank.25541
In nachtmerje komt troch 't kaeisgat by de minsken.
nl.verhalenbank.24271
Durk Laurens wie stuolwynder. Hy kom fan Boelensloane. Hy hie galanteryën ensa to keap. Dy kom wol by ús yn 'e Tynje. Dy fortelde ús, fan 'e sawn opelkoar folgjende dochters wie ien in nachtmerje. Dy koe troch 't kaeisgat by de minsken yn 'e hûs komme.
Fan 'e sawn jonges wie ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.23800
Ik haw ris by lytse Kjille west, dy wie kaertlizter op 'e Gerdyk. Ik wie doe krekt troud en sahwat twintich jier. Ik gong der foar aerdichheit hinne.
"O heden," sei se, "jou takomst liket goed. As jo hwat wolle, der leit heide njonken jou hûs. Dat matte jo altyd keapje."
Ik sei: "Dan mat ik jild ha."
Doe sei se: "Dat leit foar jo klear."
Wy hienen noch...
nl.verhalenbank.23387
Hindrik burdman (= H. de Vecht) hie in boek kocht, dêr't er fan alles út learde. Sa koed er wite kninen ta de hurddobbe útkomme litte, as er dêr yn lêsde. Letter moest er alles weromlêze, dan gongen se wer ta de hurddobbe yn. Mar it gong sa fier mei him, dat hy woarde op 't lêst bang yn eigen hûs. Doe is er fan binaudens noch grifformeard woarn. 't Wie...
nl.verhalenbank.23386
Op it plak dêr't de wylde lantearnen út gongen, kom in nij hûs to stean. De wylde lantearnen wienen de foarboaden fan nije huzen.
nl.verhalenbank.23384
In pleachbeest wie in dier mei hiele greate earen. Dat beest brocht de minsken oan hûs ta. Men moest hinnegean en jow it in koarste brea. Dan gong it fuort.
nl.verhalenbank.25534
In nachtmerje is in frommeske. Struit men moal op bêd, dan komt se net by jin. Hwant dan kin se net wer fuortkomme.
In nachtmerje komt krekt as de tsjoensters troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.25538
Sy sizze wol fan 'e sawn froulju út ien húshâlding is ien in nachtmerje. Sy komme meastal troch 't kaeisgat by jin yn 'e hûs.
Myn wiif woe net langer yn dat hûs bliuwe. Sy sei: "Ik wol hjir wei." Hy kom wyks wol twa kear. Wy binne dêr doe wei gong to wenjen, allinnich om dy nachtmerje. Der wurdt wolris moal struid om de nachtmerje to kearen, ek wol kaf,...
nl.verhalenbank.26187
Minne Huizinga fan 'e Falom hie ris nei de faem ta west yn Hurdegaryp. Doe't er ûnderweis wie nei hûs ta, wie der in gleon ding yn 'e loft, it like in gleone bol to wêzen, dat kaem op him ta. Hy is it hast bistoarn fan 'e skrik, sa binaud waerd er.
nl.verhalenbank.30532
Frijmitselders ha noait forlet fan sinten. As se in hûs bouwe, dan meitsje se dat noait ôf.
nl.verhalenbank.23399
As der in katûle by 't ûleboerd sit to roppen, dan giet der ien dea yn dat hûs.
nl.verhalenbank.30535
Oer 't heidefjild seagen se froeger faek wylde lantearnen. Se mienden dat dêr huzen komme soenen. Dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.23841
Der wie ris in man dy kaem by Sterke Hearke op it lân, wylst dy oan 't ploegjen wie. Dy man frege Hearke of er ek wist hwer't dy en dy wenne. Doe stuts Hearke de ploege rjocht foar him út en sei: "Dêr wennet er."
nl.verhalenbank.30540
Yn 'e Kompenije hat in hûs stien. Dêr ha achterelkoar trije man yn wenne, dy ha har alle trije ien foar ien opknope.
De earste âld man dy't der yn wenne wie syn libben sêd. Hy hong him op.
In jier of hwat letter hong him dêr wer ien op oan deselde ronge.
In jier of hwat letter wenne Harke Vegelin dêr. Dy die altyd jenever troch de tabak.
Hy gong geregeld...
nl.verhalenbank.23846