Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op in nacht kom in feint fan 'e faem werom. Dy faem wenne yn Twizel. De feint wie sahwat tusken it Heideloantsje en de Kloksheide. Doe kom him in âld-minske tsjin. De feint sei: Goe-joun. Mar it âld-minske sei neat werom. Hy sei noch us: goe-joun. Mar sy sei noch neat. Doe draeide er him om.
It âld-minske wie in frou yn it swart mei lange rokken oan. Sy...
nl.verhalenbank.15725
Yn 'e oarloch fan '14 op '18 wie in soldaet op reis nei hûs ta mei forlof. Hy wenne yn Kollum.
Doe seach er ûnderweis it kistje fan syn eigen bern. In dei of hwat letter kom it bern to forstjerren.
nl.verhalenbank.15733
Alde Thomas Klare koe ek kaertlizze. Sy wenne by 't spoar. Earder hie se yn Houtigehage wenne. Op in kear kaem se by ús. Sy sei: Hjir is kloppe of hjir wurdt aenst kloppe.
Doe kloppen se yn 'e nacht by ús. In suster fan Griet har man hie 't yn 'e holle krigen. Dy moest fêstboun wurde.
Klare sei ek noch, wylst se de kaerten skodde: It binne allegear swarte...
nl.verhalenbank.16993
Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden.
Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
nl.verhalenbank.29540
Ik ha 't mei in hynder wol meimakke, dat dy nachts op 'e stâl omdânse fan bangens. Dan siet de nachtmerje der op. Dan sieten der de oare moarns prachtige flechtsjes yn 'e moanjes.
Om se to kearen kin men roggeangels of moal op 'e rêch fan 't hynder struije. In nachtmerje mei neat meinimme, dat foar roggeangels en moal binne se bang.
Troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.25184
Frijmitselers hienen harsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch hienen se altyd jild en koenen se dwaen hwat se woenen. Mar 't kostte har de siele.
Hekse Harm (= Stammerige Harm) wie ek frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel.
Hekse Harm wie net fortroud by 't fé. Hy hie de kweade hân. Hy striek mei de hân oer de rêgen fan 'e dieren...
nl.verhalenbank.29542
As eksters om 't hûs hinne skatteren brochten se in biricht. Dan gebeurde dêr gau hwat. 't Hoefde gjin sterfgefal to wêzen.
Foel 't gewicht fan 'e Fryske klok del, dan kaem der ek in deaden yn 'e famylje.
As de klok klepte tidens it lieden mei in bigraffenis, dan wie der gau wer in bigraffenis.
Tikken der wylde horloazjes achter 't bihang, dan bitsjutte...
nl.verhalenbank.29525
Der wie in man, dy hie in gesin. Dy man wie in wjerwolf. By 't tsjuster wie er warber. Doe wie der in oaren ien dy wie mei syn maet der op út. Hja rounen togearre troch de Kûkhernster lânnen en doe kaem dy wjerwolf har tomjitte. De man, dy't mei syn maet wie fortocht de man fan dat gesin, dat dàt de wjerwolf wie, mar hy wist it net seker. Doe't dan dy...
nl.verhalenbank.29929
Eksters en roeken by hûs bitsjutte ek in sterfgefal.
De roek is de deagraver of de drager, de ekster de boade.
nl.verhalenbank.38617
Ik wit noch wol, dat mem op in kear sei:
"Sjoch, dêr skynt in ljocht. Dêr komt in nij hûs, hwant it ljocht brânt der al." Ridlik gau kòm dêr in nij hûs.
nl.verhalenbank.16059
As der âlde roeken of kaën oer 't hûs hinne fleagen, soe der yn dat hûs gauachtich ien stjerre.
nl.verhalenbank.29524
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him. Dy hie frege nei in bepaelde persoan. Hy woe graech wite hwer't dy wenne.
Doe hie Hearke de ploech beet krige en him optild en hy hie sein: "Sjoch, dêr wennet er." Hy wenne yn Droegeham.
nl.verhalenbank.29533
Op in nacht kom ik by de froulju wei. 't Wie oan 't Wyldpaed. Ik wie to rinnen. Ynienen skynde der samar yn 't holst fan 'e nacht in hiel fel ljocht om my hinne. It duorre miskien in minút. Ik woarde hiel kjel. 't Wie in blauachtich ljocht en 't gebeurde yn 'e hjerst.
nl.verhalenbank.22677
Wy wennen oan 't Wyldpaed. Ik en myn frou sieten togearre yn 'e hûs. Doe seinen wy op dy joun tsjin elkoar: "Sjoch, dêr binne ruten. Dêr skynt ljocht troch." 't Wie flak by.
Mar der wienen fansels hielendal gjin ruten.
Letter kom der op dat plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.22676
Ek by de minsken kaem de nachtmerje. In nachtmerje kaem troch 't slotsgat en socht it bêd fan 'e minsken op. De minsken setten de toffels achterstofoar foar 't bêd en hâldden de kaei yn 't slotsgat.
De minsken bestruiden har mei moal. Dan bleauwen de nachtmerjes op 'e minsken sitten en koenen se der net wer ôf komme. Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding...
nl.verhalenbank.29509
As jo yn 'e nacht fan fisk drome, dan stjert der mei koarten ien yn 'e húshâlding.
Droomt men it yn 'e neinacht dan duorret it noch in lang skoft. Droomt men it yn 'e foarnacht, dan gebeurt it al gau.
nl.verhalenbank.25841
Greate Pier wie o sa sterk. Op in kear wie er op it lân oan 't ploeijen. Doe kamen der guon by him. Dy fregen him: "Hwer wennet greate Pier?" Doe hie er de ploech optild en dêrmei syn hûs oanwiisd. En hy hie sein: "Hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.29935
Op 'e heide (= Twizelerheide) stie in plaetske, dêr wenne in widdou yn, dêr koenen se noait de doar fêst hâlde. Dienen se jouns de doar fêst, de oare moarns wie er altyd los.
nl.verhalenbank.25840
Der wenne in sekere Roel Postma yn 'e Westerein. Dat wie in timmerman en oannimmer. Dy hat in protte huzen boud. Mar hy makke it lêste hûs dat er ûnder hannen hie, noait ôf. Hwant as er dat die, wie er dea, seinen se.
Dy man wie in frijmitseler.
As er in nij hûs boude, dan makke er it foarige earst ôf, en sa gong it altyd. Der wie altyd ien hûs, dat net...
nl.verhalenbank.38622
As bern ticht by 't wetter kommen, waerd der sein: Tink der om, de kikkerts pakke dy. Woenen se jouns net yn 'e hûs dan waerd der sein: "Aenst pakke de berndieven dy."
Ek wol: "De doddeaden pakke dy!"
nl.verhalenbank.25842