Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Haulerwyk hie ien in hoefizer boppe de doar sitten. De bidoeling dêrfan wie, dat it hûs dan bihoede woarde tsjin it ynslaen fan 'e tonger.
nl.verhalenbank.21056
Op in kear kaem Auke Hinke thús, doe siet har buorfrou by har yn 'e hûs. It reinde en it wie bot modderich en drekkich om hûs en hear.
Hinke wie hoasfuotling. Sy sei: "Och, och, ik ha de klompen forgetten, ik bin hjir hoasfuotling kaem."
"Dan sille jo wol droege hoazzen oan ha moatte", sei de buorfrou.
"Né, sjoch mar," sei Hinke, "sy binne droech."
Hja...
nl.verhalenbank.20720
It wie op Haulerwykster merk. Ik siet op in snein-to-joun yn 'e herberch. Doe seach ik Jan Sterk dêr.
"Wij hebben ons kampien ook verkocht, hoor", sei er.
"Oan hwa?" frege ik.
"'t Is een Bergsma; Jannes heet-ie."
"Wat wil die kerel daarmit?" frege ik.
"Hij is bakker", sei er.
Doe kaem âlde Merk der yn.
"Wat he'k nou wat beleefd", sei er. "Ik kwam meester...
nl.verhalenbank.20644
Jochum Dykstra wie net al to goed wiis. Syn mem sutele mei lapkes. Sy kaem ek wol us by ús.
Op in kear sei se: "Jochum hat in brân sjoen by Jehannes der Mooy, of dêr flak by.
Twa jier letter wie der brân yn in hûs by de brêge. It brânde hielendal ôf. Ik der hinne. Ik wie sahwat fyftsjin jier, tink. It wie it hûs fan Jehannes der Mooy, dat ôfbrânde.
nl.verhalenbank.20647
Wy wennen froeger achterút.
Ik wie sahwat in twintich jier âld. Ik seach de kant nei de brêge út.
"Mem," sei 'k, "dêr by de brêge stiet in hûs yn 'e brân."
Mar mem seach neat. Ik hie my omdraeid, doe't mem der oankaem, mar doe't ik wer seach, wie der neat mear fan de brân to bispeuren.
Presys twa jier letter rekke de plaets fan Jan de Boer troch de...
nl.verhalenbank.20646
As der in tsjoenster yn 'e buert wenne, dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. Sy ha 't wol folle dien foar âlde Griet. Hja kaem us ergens yn Haulerwyk, doe hienen se dêr ek duveldrek ûnder 'e drompel dien. Doe koe hja der net yn komme. Sy stie dêr mar to draeijen en to meneuveljen foar de doar, mar sy koe net oer de drompel komme. Doe sei se op 't lêst:...
nl.verhalenbank.20795