Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: huis Narrator Gender: female Place of Narration: Sumar
Op it plak dêr't nou ús hûs stiet, dêr't wy yn wenje, dêr seagen guon alle jounen in lampe brânnen. Doe stie dit hûs der noch net. Itselde jiers noch waerd dit hûs boud. En doe wie de lampe der echt. It ljocht skynde jouns troch de ruten hinne.
nl.verhalenbank.31801
By Burgumerdaem wie in timmerman, dy hie 't bakje mei ridskip oer 't skouder. Hy hie to timmerjen west en wie op wei nei hûs ta. Underweis hied er oanstutsen en 't wie al hwat skymrich. Hy wie frijhwat rûch yn 'e mûle. Underweis helle ien him yn, dy roan njonken him. "Goeije navend", sei de timmerman, mar de oare sei neat. "Wolstû forrekkeling, neat...
nl.verhalenbank.31811
Der kommen ris guon, dy moesten by Sterke Hearke wêze. Tafallich fregen se him doe't er op it lân oan 't ploeijen wie. Se wisten net dat hy it sels wie. "Hwer wennet Hearke?" fregen se. "Hjir stiet er en dêr wennet er", sei Hearke en hy krige de ploech beet en tilde him op en wiisde der mei nei syn hûs.
nl.verhalenbank.31798
Us heit roan mei noch in man op in joun tusken Oerterp en de Lange Wyk by Drachten. 't Wie donker. Hja kommen by in hûs, dêr gong it bot op in timmerjen en saegjen. Hja tochten: hoe kin dit sa let op 'e joun - En hja dêrhinne to sjen. Mar dêr wie net in minske warber en der wienen ek gjin lûden mear. Op 't lêst gongen se fuort. Se seinen: Dit is...
nl.verhalenbank.36237
Alde Ljibbe' Wemel wie fan 'e duvel biseten. Har man gong tiisdeis nei Grins ta, nei de merk. Dan moest har broer by har komme hwant sy doarst net allinne to wêzen. De katten sieten by har yn 't finsterbank to miauwen en fleagen by de glêzen op, as se der net ynkommen. Ienkear wie der in stik lawaei by har op 'e souder. It wie krekt as woarde der in...
nl.verhalenbank.21361
In tsjoenster kin men keare troch duveldrek ûnder 'e drompel to dwaen. Dan kin se net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.12240
Der wie ris ien by Sterke Hearke kom wylst dy oan 't ploegjen wie. Hy frege Hearke hwer't dy en dy wenne. Doe hie Hearke de ploech mei ien hân beetpakt en dêrmei nei syn eigen hûs wiisd. Mei de oare hân hied er op 't boarst slein. "Dêr wennet er," hied er sein, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36241
Tsjoensters koenen har yn katten foroarje. Dan fleagen se by de glêzen op. As se rekke woarden mei in stok dan hie de tsjoenster de oare deis plakken oan har. Om 'e safolle jier moest de tsjoenster ien deatsjoene, oars gong se sels dea. Wie der in krâns yn 't kessen dan reizgen se nei greate Wopke ta. Dan krigen se in drank mei. Underweis sprong der hwat...
nl.verhalenbank.24641
35