Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e droom hear ik faek in stem. Dy dielt my dan it ien of oare mei. Dêrtroch wyt ik fan alles, hwat der gebeure sil.
Ik haw trije beppesizzers, dy moesten alle trije in pop ha. Dy stem sei tsjin my: Twa derfan dat wurde jonges. Se komme allebeide Anders to hiten. (Ik wist net dat de heiten fan 'e manlju beide Anders hieten)
Tsjin 'e trêdde beppesizzer...
nl.verhalenbank.21442
Yn 'e Westerein dêr stie in hûs, dêr mochten wy net komme.
Dêr spûke 't yn. Mar ik ha 't spûk noait sjoen.
nl.verhalenbank.29568
Myn dochter wie ris by my, doe woarde se siik. Doe't ik ris in kear yn 'e hûs kom, woarde ik yn 'e keamer keard. Ik seach net hwat it wie, dat my kearde. De oare deis moest myn dochter opnom wurde yn 't sikenhûs. Doe brochten se in draechbaer by ús yn 'e hûs. Dat wie it ding dat ik de foarige deis sjoen hie en dat my kearde.
nl.verhalenbank.24845
Ik hearde ek altyd dúdlik as se mei planken omsmieten. Dan wie der neat to sjen. Dan sei 'k tsjin 'e bern: "Hjir komt wer in nij hûs, hear." 't Komt altyd nei.
nl.verhalenbank.27975
Ik wie yn Westergeast útfanhûs by myn dochter. Doe hearde ik dêr timmerjen en der waerd mei balken smiten ensa. Ik sei: "Hjir sil skielk hwat gebeure."
Myn dochter Klaske woe 't earst net sizze. Sy woenen 't stil hâlde, net ien mocht it noch wite, mar de saek soe fortimmere wurde. En 't is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.24847
Ik wie us by myn suster yn 'e Falom. Sy sei tsjin my: "Sille wy us in eintsje 't lân del? It is sok moai waer." Ik sei: "Goed", en wy kuijeren hwat. Doe bleau ik ynienen stean.
"Hwat is der oan?" sei myn suster.
"Dizze kant fan jimme hûs stiet yn 'e brân", sei 'k.
Mar doe't wy thús kommen, wie der neat to rêdden.
Mar in wike letter is troch in...
nl.verhalenbank.21446
Se seinen altyd, in tsjoenster koe har yn in kat foroarje.
As se froeger wite woenen as in siik bern bitsjoend wie, ûndersochten se it kessen. Founen se dêr krânsen yn, dan wie 't bern bitsjoend. Der woarde dan om socht hwa't de tsjoenster wie. De krâns(en) woarde(n) forbrând.
Se dienen faek duveldrek ûnder 'e drompels. Dy't it bern bitsjoend hie koe dan...
nl.verhalenbank.32677
It gebeurde in pear jier lyn. 't Wie yn 'e winter, der lei snie. 't Wie op 'e neimiddei. Ik hearde in protte lawaei op 'e wei en by ús op it hiem. Ik hearde ek in greate auto. Doe't ik op it hiem kom wie der alhiel neat to sjen. En doe't ik de oare moarns doe't it ljocht wie, nei spoaren socht yn 'e snie, wienen dy der net. Doe wist ik it oare wol. De...
nl.verhalenbank.21435
Greate Pier wie ris in kear oan 't ploeijen. Doe kommen der soldaten op it lân, dy moesten him fange, mar sy koenen him net.
Dy fregen him: "Hwer wennet greate Pier?"
Doe tilde greate Pier mei ien hân de ploege op. Dy stiik er foar him út en hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
Doe't de soldaten dat seagen naeiden se gau út.
nl.verhalenbank.32676
Sterke Hearke syn âlden hienen it o sa earmoedich.
Hja moesten soms fan kleare earmoed brannuddels ite. Hearke wie o sa sterk. Der wie ris ien by him kaem, wylst er op it lân oan 't ploeijen wie. Dyselde hie him frege hwer't er wenne. Doe hie Hearke mei ien hân de ploege optild en it hûs oanwiisd, dat yn 'e fierte to sjen wie.
nl.verhalenbank.29692
Wit hoe faek ha ik yn myn leven timmerjen heard oan huzen en hokken dy't letter pas boud woarden. Ik sei wol us tsjin myn soan: "Hwat matte jim nou wer bitimmerje? 'k Ha 't wol heard." Dan duorre it mar even of de timmerderij rekke los.
nl.verhalenbank.21437
Der hat in âld fisker wenne, op 'e Burgumerheide. As dy oan 't fiskjen wie gebeurde 't soms dat der ien by him kaem, dy't sei: "Nou mast nei hûs ta gean, en ek gau." Dan die de man 't ek. Hwant as er it net die, sei er, dan gebeurden der rare dingen.
It wie in stem dy't dat tsjin him sei. De persoan sels hat er noait in kear sjoen.
nl.verhalenbank.29694
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Der kom ris ien by him, doe wie er krekt oan 't ploegjen. "Hwer wennet sterke Hearke?" frege dyselde. Doe stuts Hearke de ploech rjocht foar him út. "Hjir stiet er en dêr wennet er", sei er.
nl.verhalenbank.36752
Hjir yn 'e buert hat in hûs stien, dêr spûke it yn.
Dêr roan nachts in frommes troch hinne.
nl.verhalenbank.29699
Yn 'e Koaten hat jierrenlang in hûs leech stien. Dat wie it hûs fan Fokke Radema. Yn dat hûs spoeke it altyd, seinen se. Dêr doarst net ien yn. De doarren gongen fansels iepen en ticht en der roannen nachts guon yn om.
nl.verhalenbank.20680
Yn 'e Falom hat us in brân wêst. Ik haw it hûs fan to foaren al forbrânnen sjoen.
nl.verhalenbank.21588
Myn wiif har folk wenne njonken âlde Ael yn Twizelerheide.
De jonges - de bruorren fan myn frou - seagen op in kear doe't it allegear tsjuster wie by âlde Ael, hoe't der in kat oer de barte slofke. Ynienen gong it ljocht by âlde Ael op en doe wie 't dêr allegear leven. Doe wie Ael as kat thúskaem.
nl.verhalenbank.36750
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. In nachtmerje komt ta 't slotsgat yn. In nachtmerje kin de minsken hast smoare, sa bot knypt se. Men mat de klompen oarsom lizze of duveldrek foar de strjitte lizze. Dan hat men der gjin lêst fan.
nl.verhalenbank.22325
Hwat ik nou fortel is al lang lyn. Myn suster hie in jonkje, en dat wie net goed. Har buorfrou wie in âld minske, dat hiet fan Gjertsje. Dy kom noait fierder as de drompel, en dan frege se nei 't jonkje. Sy kom noait yn 'e hûs. Op in kear, doe hie se der ek wer west. Sy wie noch mar krekt fuort of doe kom der in fremde kat by myn suster en dy yn 'e hûs....
nl.verhalenbank.21572
Sterke Hearke krige de ploege en tilde him omheech.
Hy sei: "Dêr is myn hûske en hjir is de man."
nl.verhalenbank.22326