Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
18 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: huis Place of Narration: Hurdegaryp
Sterke Hearke mat ôfgryslike sterk west ha. Hy wie ris oan 't ploegjen op it lân. Dêr kaem in man by him, dy koe him net. Dy woe graech witte hwer't Sterke Hearke wenne. Hearke tilde de ploech omheech en wiisde it plak oan. "Dêr wennet er", sei er. 't Gebeurde yn Droegeham.
nl.verhalenbank.32204
Jelle wie troud mei Sanne. Ik ha se beide goed kend. Jelle wie in hiele raren-ien. Hy flokte om 't oare wurd. Hy wenne by in boer by Dokkum. Op in kear, doe't er op wei wie nei hûs ta, kamen der twa ingels op him ta, hiel moai yn 'e klean mei stjerkes op 'e stof en de wjokken dy hâldden se foarút. Sy gongen flak foar Jelle stean, doe gongen se even in...
nl.verhalenbank.19719
Hedzer Baeije Syts wenne to Jistrum. Dy hie foar in sechstich jier altyd duveldrek boven de doar.
nl.verhalenbank.17690
Yn Surhústerfean hearden guon ris in great lawaei, krekt as kom der fan alles fan boppen. Mar der wie neat to sjen. Letter kom der op dat plak in hûs to stean, dêr bigounen se mei to bouwen. Mar doe't it noch lang net klear wie, sakke it yn elkoar. Dat wie it lawaei dat se doe heard hienen. Se ha dêr letter net wer boud, hwant, seinen se, de duvel sit dêr...
nl.verhalenbank.31050
Op 'e Tike wennen Kei en Antsje. Antsje hie in buchel en wie skroar. Der wie in rymke fan: Antsje skroar dy naeit foar in oar, mar net foar my, hwant hja rint altyd myn hûs foarby. Op in saterdei-joun kom Kei fan 'e boer. It wie tsjuster en hy hearde in stim fan omheech, dy't sei: "Ga je ook naar de kerk?" "Né", antwurde Kei. Doe foel der in healbrea foar...
nl.verhalenbank.19787
Yn Garsthuzen (Grinslân) hearde ik op in nacht dúdlik saegjen yn 'e hûs. Wy leinen op bêd. Ik sei tsjin myn man: "Sil ik der us ôf gean om to sjen, hwat dat is?" Mar hy sei: "Ei jonge né, stil lizzen bliuwe." Dat ik ha der net nei sjoen. Ik wie doe sahwat acht en twintich jier. Letter is 't hûs hielendal fortimmere woarn. De namme fan it hûs is...
nl.verhalenbank.17754
Der wie in hiel great hûs, dêr sieten fjirtsjin keamers yn. It hiet Likelemastate. De hear en de frou wienen fuort en de faem Bauk wie allinne thús mei in âld feint dy 't se Oebele-om neamden en mei in jonge. Bauke. Dy wie sechstjin jier. Doe kom dêr in negoasjeman. Dy hie in great swier pak by him. 't Wie skier fan kleur. De man sei: "Hjir sit kleanspul...
nl.verhalenbank.19779
Us heit wenne op 'e Sumarreheide. Op in nacht hearde hy hiel dúdlik timmerjen, kroadzjen, mei stiennen smiten, balken forsjouwen en alsahwathinne. Hy tocht: Hwat hat dat to bitsjutten yn 'e nacht? Dat hy gong der ôf om to sjen. Mar der wie neat to sjen en ek neat mear to hearren. It oare jiers woardde der op dat plak in nij hûs delset.
nl.verhalenbank.19782
De jouns flak foardat âlde Anne (hjir yn Hurdegaryp) stoar, skatteren de eksters hiel bot by har hûs. Doe sei se: "Ik wurd fannacht helle." En dat is ek gebeurd. De oare moarns lei se dea op bêd.
nl.verhalenbank.18107
Heit hat as lyts jonkje bitsjoend west. Doe wenne er op 'e Gariperheide. Hy wie soms sa slop, dan koenen se him oprolje as in skûdeldoek en dan wied er wer krekt sa stiif as in stôk. En it gong altyd op in gûlen. Doe gong pake nei Piter Poes ta, dat wie de duvelbander fan Sumarreheide.(^ ± 1900), mar dy wenne doe noch yn de Ham. Pake krige in drankje fan...
nl.verhalenbank.19783
Sieds Iebeltsje to Eastemar gong troch foar in tsjoenster. Sy hat Geart fan Durk en Sjoerdtsje bitsjoend hawn. Durk en Sjoerdtsje woenen har net wer yn 'e hûs ha, sy waerd by de doar keard.
nl.verhalenbank.19794
Myn man syn pake wie bitsjoend troch de boer, by hwa't er arbeider wie. Hy lei siik op bêd. De boer kom alle dagen by him. Dan gong er op 'e stoel by 't bêd sitten. Doe hat pake syn âldste dochter syn holkessen iepen makke. Doe siet dêr in kat fan fearren yn. Dy wie omtrint klear. Sy skuorde de hiele kat útelkoar. Wylst se dêr mei dwaende wie, kom de boer...
nl.verhalenbank.18097
Myn man wie us op 'e merk yn Uthuzen (Gr.). Doe wie dêr ien dy koe tsjoene. Hy sei tsjin in âlde arbeider, Dirk Bos fan Garsthuzen: "Hjir ha jo in ryksdaelder fan my." Dirk die de ryksdaelder yn 'e bûse en gong mei myn man wer op hûs ta. Mar doe't er ûnderweis us even nei de ryksdaelder sjen soe, siet er net mear yn 'e bûs.
nl.verhalenbank.18108
Nachtmerjes kommen troch 't kaeisgat yn 'e hûs. 't Wienen froulju en meast ien fan sawn susters. De minsken moesten in breakoarste mei op bêd nimme om der gjin hinder fan to hawwen. Sy leinen ek wol duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.18095
Hinse Jehannes, de duvelbander fan 't Swartfean, mocht graech in slokje. Op in kear hied er op Nijtap oanstutsen. Hy rekke smoardronken. "Dit wurdt al hwat, Hinse", sei de kastlein. Hinse sei: "Der mat ien mei my, dy kriget tsien goune." Dat gong oan. De feint moest mei. Mar dy wie tige bang en skruten foar Hinse. Doe't se by 't Peinder tsjerkhôf kommen,...
nl.verhalenbank.20554
Us heit (Roel Haarsma) en syn broer wienen yn 'e nacht op in paed. Doe seagen se in frommeske skean oer de wei nei in hûs ta rinnen. Sy hie de kruk fan 'e doar al beet, dêr't se ta'n yn soe sa't it like. Mar doe sonk se samar foar de eagen fan heit en omke yn 'e groun wei.
nl.verhalenbank.19841
De Godloas Singel wie froeger birucht. Dêr spoeke it. To Hurdegaryp spûke it ek. Dêr wie by it hûs fan dokter Bontekoe in hekke, dy koenen se net ticht hâlde. Se ha der wol hingelslotten op dien de jouns, it joech neat. De oare moarns bitiid wie de hekke wer iepen.
nl.verhalenbank.30150
Op in kear kaem ús pake fan 'e froulju. 't Wie al in moai eintsje yn 'e moarn op. Doe kom der him in frommes tomjitte, dat wie roetswart om 't gesicht. Pake wie sa binaud, dat de skonken trillen him ûnder 't gat. It frommes gong ta 't hek fan 'e tsjerke yn to Sumar. Pake sette har achternei, al hoe binaud er ek wie. Mar sy wie wei as wie se yn 'e groun...
nl.verhalenbank.19714
1