Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Drachtster Kompenije stiet in boereplaets, dy wurdt altyd noch troch de minsken 'Skrale jammer' neamd. Hy stiet oan 'e trêdde wyk yn 'e Kompenije. 't Is de plaets fan âlde Hindrik Pool.
It wie sa: Doe't de spanten fan it dak op 'e muorren sieten kom de maeijebeam der bovenop. Dan wie 't fêste gewoante dat se op balkebier traktearren. Dat wie foar 't...
nl.verhalenbank.27225
Der wie us in man, dy soe nei sterke Hearke ta. Doe seach er ien dy wie op 't lân oan 't ploegjen. Hy der hinne. Sy hienen froeger fan dy ploechjes mei ien sturt der oan. De man sei tsjin deselde dy't oan 't ploegjen wie:
"Soenen jo my ek sizze kinne, hwer't Sterke Hearke wennet?"
Dy't oan 't ploegjen wie, dat wie sterke Hearke sels.
"Jawol", sei Hearke....
nl.verhalenbank.23862
De boer en syn frou dy soenen togearre to praten.
Se hienen in papegaei. De frou sei tsjin 'e papegaei: "Tink der goed om, hwat der yn 'e hûs gebeurt."
De feint en de faem moesten hûswarje.
Doe't de boer en de frou fuort wienen, sei de faem tsjin 'e feint: "Sille wy 't hjoed us bêst ha?"
"Dat is my tige bêst," sei de feint, "my tinkt, dan moesten wy mar...
nl.verhalenbank.23055
As wy froeger eksters om 'e doar hinne hienen, sei ús mem:
"Hè, dêr komt wer in sterfgefal tichteby." Hja wie der fjûrbinaud foar.
nl.verhalenbank.34529
Earebarren jowe hier foar it nêst dêr't se op wenje. Sy smite in jong der út. Dat is foar de eigner fan 't hûs. De eigner kin it jong sa faek wer yn 't nêst bringe as er wol, sy smite it der doch wer út. Sy nimme it net wer oan.
nl.verhalenbank.27227
Us heit hat ek ris hwat bileefd, ek op 'e Lytse Wei, op itselde plak. Heit wie op 'e fyts. 't Wie nacht. Hy soe nei hûs ta. Wy wennen yn 'e Harkema op 'e Bulten.
In great wyt frommes roan samar ynienen njonken syn fyts lâns. Heit stapte ôf. Hy woe sjen hwat dat wie. Doe gong dy wite gedaente fan heit ôf. It like dat se fuort gong. Doe gong heit wer op 'e...
nl.verhalenbank.33620
It gebeurde yn Strobos dat dêr in frou forstoar. Hja hie har man bilove litten, net ien mocht nei har dea de klean drage, dy't hja droegen hie.
Mar dy man tocht dêr letter net mear om en hy troude wer. Hy joech dat minske de klean fan syn earste frou en dat minske die dy klean oan. Mar sûnt dy tiid kom syn earste frou alle jounen by harren yn 'e hûs.
Doe...
nl.verhalenbank.32714
Der wie ris in manspersoan, dat wie in goddeloazen-ien, dy joech nergens om. 't Wie yn 'e tiid, doe wienen der noch gjin fytsen en auto's. Op in kear hie dy man nei Feankleaster ta west, nei de klearmakker, dy't him in nij pak oanmetten hie. Dy keardel leaude oan neat en hy hie tsjin 'e klearmakker sein: "As der in duvel is, dan kin er my aenst tomjitte...
nl.verhalenbank.32715
Age Bruining fan Kollum hat my ris forteld: Yn Kollum wie in frou stoarn. De man bleau as widner allinne achter. In wike of seis letter yn 'e nacht woarde er wekker fan gestommel. Hy tocht: dêr is hwat.
Doe stie syn frou by de tafel. Doe hat er har nei bûten ta brocht en doe wie hja fuort gien.
Dizze minsken wennen yn 'e kloanjes to Kollum.
nl.verhalenbank.36361
Myn buorman hie us west to jounpraten. Hy wie sa'n fyftich jier âld. Hy stapte de wei del. En doe kom er op in plak dêr wie in gloppe yn 'e wâl. Dêr groeide gjin beammeguod.
Doe kom dêr hwat út dy gloppe wei - it wie in gestalte en hie in gesicht. Sahwat as dat fan in frommes, fortelde buorman letter.
Dy gestalte kom op him ta. Dy kom al tichter en...
nl.verhalenbank.21974
Sterke Hearke wie oan 't dongladen yn Bouwekleaster op 'e plaets. 't Wie itenstiid, mar de boer hie net sein: "Mannen, ophâlde, earst ite." Hearke laedde de wein fol stront yn 't skerngat. It wie sa'n fracht, dat net ien koe him der wei krije. Dêr wie 't Hearke om bigoun. Hy gong nei hûs ta. Hy tocht: se matte dochs op my wachtsje.
En sa wie 't ek. Doe't...
nl.verhalenbank.36796
Komt der in swarte roek by hûs, dan bitsjut dat in deaden.
Komme der eksters op 't hiem, dan bitsjut dat dat der bisite komt fan guon dy't men net folle sjocht.
Spûkgûlt der in houn, dan bitsjut dat in deaden.
Klept de klok yn 'e toer, dan bitsjut dat in deaden.
Falt der in skilderij del yn 'e hûs, dan bitsjut dat in deaden.
Falt der in gewicht fan in...
nl.verhalenbank.37098
Der wenne in sekere Ruerd van der Veen yn 'e Harkema, dat wie in timmerman. It wie in raer feint. Hy hie oan 't timmerjen west op 't Bomkleaster en dêr hie er it mâl opsein. Hy joech neat om 'e duvel en al sokke dingen mear.
Dy jouns moest er nei hûs ta. Hy wie in moai eintsje yn 'e lannen dêr't it paed troch roun nei Harkema ta, doe kom der in houn oan,...
nl.verhalenbank.37104
Ik haw in suster hawn, dy hiet fan Antsje. Dy is útsukkele. Op in joun stie der in hountsje yn 't hekje en dat hountsje gûlde hiel bot, oan ien tried wei. It wie hast net oan to hearren. Us heit sei: "Antsje leeft net lang mear." Trije dagen letter wie se dea.
nl.verhalenbank.23857
Dienen jy duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster dêr net oer komme, seinen se.
nl.verhalenbank.34537
Ik wenne yn Stiensgea as boerefeint yn 't Oast. Op in joun hie 'k nei myn suster ta west, dy biwosk my. Ik hie forskjinnersguod ophelle. Doe't ik al hast wer toplak wie, en oan in âld húske ta wie, doe hearde ik der by dat húske allerhande lûden fan smiten mei stiennen en planken. Doe't ik dêr hinne gong wie der neat to sjen.
In skoft letter kom dat húske...
nl.verhalenbank.27978
Hearke wie op in kear op it lân oan 't ploeijen. Dat wie yn Droegeham. Doe kamen der guon by him op it lân.
"Hwer wennet Sterke Hearke hjir?" fregen se. Doe krige Hearke de ploege op en doe sei er: "Dêr wennet er." Hy wiisde syn hûs der mei oan. Doe hoefde dy man net mear to freegjen hwa't Sterke Hearke wie.
nl.verhalenbank.37402
Even bûten Stiensgea oan 'e Oastkant hearden wy as jonges dat se mei planken oan 't smiten wienen, wylst der neat to sjen wie. Letter stie der op dat plak in moaije woaning.
nl.verhalenbank.23852
Sterke Hearke wie in kear op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him. Dy frege him oft er him ek fortelle koe hwer't Sterke Hearke wenne.
Doe tilde Hearke de ploech mei de rjochterhân op en wiisde dêrmei nei 't hûs dêr't er wenne en hy sei: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.34532