Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Greate Pier wie us oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him, dy frege: Hwer wennet dy en dy. Doe hie Pier de ploege mei ien hân optild en dêr wiisde hy it hûs mei oan, dêr't dyselde wenne.
nl.verhalenbank.23551
Op 'e souder stie in âld kast en noch hwat oare âlde meubels. Dêr woarde op in nacht ynomrammele.
Yn dat hûs wennen in man en in frou togearre.
"Hearst it wol?" sei de frou. Hja wie syn muoike.
"Jawol", sei er.
't Rammeljen hâldde tiden oan, der kom gjin ein oan.
Op 't lêst sei er: "Matte wy der net ôf?"
Hja gongen der ôf.
Beide gongen se by de leider op...
nl.verhalenbank.24014
Guon hearden us in kear yn 'e nacht in stomp yn 'e gong by in hoeke. Even letter stoar de man. Doe't se de kiste der ta útdrage soenen, stompte de kiste yn 'e gong tsjin in skerpe hoeke oan. 't Wie deselde stomp, dy't se earder heard hienen.
nl.verhalenbank.24016
Myn broer Freark en syn frou kommen us op in kear by myn mem en heit wei (Oege Reitsma en 'e frou) sahwat om alve ûre yn 'e joun. Sy roannen de loane del nei hûs ta. Doe kom der in pleachbist oan.
As hjà in stap forsetten, dan forsette dat pleachbist ek in stap. Hy folge har yn har fuotleasten.
Doe't se de loane del wienen en yn Broek kommen, woarde 't...
nl.verhalenbank.21768
Sa'n fiif en twintich jier lyn wennen wy op 'e Geast (Rinsumageast). Der wie in frou, dy kom in bulte by ús. Dat wie de frou fan Liuwe Woudstra. Doe't se de jouns wer us in kear by ús west hie sei 'k tsjin 't wiif: "Wy bringe har in eintsje op stap."
Dat gebeurde ek. Wy wienen de Kapelle oer, en doe koe myn wiif de siken net krije. (Hja hie in min boarst)...
nl.verhalenbank.21769
Der kom us in man by Sterke Hearke. Dy woe wol us mei Hearke tille om to sjen hwa't it sterkste wie. Hearke wie net thús, mar syn suster (of dochter?) Rixt wol.
Dy nom dy man mei nei bûten ta. Dêr leinen twa hiele grouwe bolstiennen, mei ringen der yn.
Rixt sei: "Ik kin hjir ien fan tille, mar Hearke twa."
Doe't dy man dat hearde, gong er gau fuort.
nl.verhalenbank.23555
De boeren fan Feanwâldsterwâl hienen allegearre in stik duveldrek yn in pûdtsje yn 't bargedrinken, oars woenen de bargen net groeije.
De bern hienen duveldrek op 't boarst, ek yn in pûdtsje oan in bantsje. Dat wie fanwege de tsjoensters. Guon hienen duveldrek ûnder 'e drompel, dan koenen de tsjoensters net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.24158
Der wie in notaris, hjir út 'e buert, dy koe net stjerre.
Doe binne de minsken allegear út 'e hûs gien.
Dy notaris hie de minsken altyd ôfset en strûpt.
Doe't se der wer ynkommen, wied er dea. De duvel hie mei him ret.
nl.verhalenbank.24009
Doe't ik noch in bern wie, wie der ien fan ús al us in kear bitsjoend. Doe gong ús heit mei it wetter fan it bern nei greate Wopke ta.
Wopke joech heit in drankje en dêr gong heit mei werom op hûs ta.
Mar ûnderweis wie der ynienen hwat by him opsprong. Hwat it krekt west hie, wist er net, mar it drankje, dat er yn 'e bûse hie, rekke dêrtroch stikken, en...
nl.verhalenbank.21770
Der wie in earmfóud yn Ikkerwâld, dy syn frou stoar. Doe't se al in skoftsje ûnder 'e ierde lei kom der yn 'e nacht hyltyd ien by de doar yn 't wyt.
De earmfóud woe wite hwat dat to bitsjutten hie. Dêrom gong er nei doomny ta en frege of dy it skynsel oansprekke woe.
Doe sei doomny: "As it yn 't wyt is, wol ik it wol oansprekke, mar is it yn 't swart, dan...
nl.verhalenbank.21758
As in houn spûkgûlt komt der in deade.
As de eksters skatterje neiby de huzen ek.
nl.verhalenbank.24146
Yn Feanwâldsterwâl wie ek ris ien bitsjoend. Dat wie in boerefrou. En de beesten op 'e stâl wienen ek allegear bitsjoend. Dy stienen alle moarnen los op 'e stâl. Doe binne se nei Piter Poes ta gong fan Sumarreheide. Dy wie duvelbander. Hy kom yn 'e hounekarre en wipte der út op it hiem. Hy kom mei yn 'e hûs.
Hwat er mei it fé dien hat, wyt ik net, mar it...
nl.verhalenbank.24151
In pleachbeest is in grouwe, swarte houn. Dy giet mei de minsken op 'e side lâns, oan hûs ta.
nl.verhalenbank.24144
In suster fan myn twadde mans mem hat us bitsjoend west. Doe gong har mem nei greate Wopke fan Kûkherne.
Wopke sei: "Underweis folget der jo ien. 't Kin wêze dat jo dan al sahwat thús binne. Dy sil jo freegje - Hwat sei Wopke? - Siz dan neat tsjin har. Jow har gjin antwurd."
Wopke joech har in fleske mei guod mei.
Doe't hja omtrint thús wie kom buorfrou...
nl.verhalenbank.24150
Mei Sinteklaes wie 't by ús op 'e Broek wol us lotsjen. 't Wie froeger in krappe tiid en mei lotsjen koe der noch wol us hwat by fortsjinne wurde.
Doe kom der in man by ús, dy woe de boel yn 't hûndert jeije.
Wy hienen yn dat hûs in boppe- en ûnderdoar. De boppedoar stie op.
Doe krige mem dy man by de broekspipen en by 't boarst en sy smiet him oer de...
nl.verhalenbank.23549
Alde Ritske Vellinga wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts út. Ik ha 't wol us troffen, dat er om tolve ûre yn 'e nacht by de doar stie. Sy kloppen dan fan tofoaren by him op 't rút. Dan gong hy der út. Dan koed er net langer yn 'e hûs bliuwe.
nl.verhalenbank.23061
Alde Klaes Veenstra hat in pleachbeest sjoen, wol folle faker as ien kear. Hy wenne tichte by de kapelle op 'e Geast. It pleachbeest kom de reed del. Hy kuijere jin altyd achternei. 't Wie roetswart en sa great as in grou skiep. It die jin neat.
Hy roan mei Klaes Veenstra oan 'e doar ta. Dêr joech Klaas it dan in stikje roggebrea. Dan gong it wer fuort....
nl.verhalenbank.23066