Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
To Eastemar lei in faem op it lân to jirpelsykjen. Hja hie lêst fan pine yn 'e mûle.
Doe joech in biis har de rie, hja moest nei it tsjerkhôf tagean en in rustige spiker opsykje en dy oan 'e kies hâlde, dan bikom de pine yn 'e mûle.
Hja die dat.
De jouns doe't de faem al op bêd lei, kloppe der ien by har op it glês en dy rôp al mar: "Myn spiker! Myn...
nl.verhalenbank.21740
Doe't Mike Ruerd us fan in karweike werom kom, gong er de jouns oer de Skeltepaden nei hûs ta. Hy hie 't bakje mei timmergeridskip oer 't skouder. Doe stie der in swarte man op 't houtsje, dêr't Ruerd oer moest.
"Ut 'e wei!" sei Ruerd.
Mar de swarte bleau stean.
"Ik bin net bang foar dy", sei Ruerd.
Doe fleach der in ekster út 'e beam en joech in raer lûd...
nl.verhalenbank.20493
Hinse Jehannes de Boer wie de duvelbander fan it Swartfean. Hy wie in maet fan 'e duvel, dat wist elk. Op it Peinder tsjerkhôf is er biïerdige. Op in joun kom der ien oer it tsjerkhôf, dy rôp: "Hinse, lit dyn stem noch us hearre!" Doe wie der sa'n ôfgryslik raer lûd út Hinse syn graef kom, dat de man is sa hurd útnaeid as er mar koe.
nl.verhalenbank.12525
Yn Sjoerd Bonnes-plaets yn Sumar hat Fokke van der Kuip feint west. Op in kear hearde er dêr in swart bont hountsje gûlen. Dat hearde aeklik. op itselde plak dêr't it hountsje stie to gûlen, foel in pear dagen letter in man fan 'e fyts. Hy wie fuort dea.
nl.verhalenbank.21880