Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Dutch Keywords: horen Narrator Gender: male Place of Narration: Veenwoudsterwal
It gebeurde ek ris, doe socht it gerjocht Japik Ingberts. De plysjes wienen mei in rydtúch ta de stêd út kom, rjochting Grins. Doe't se oan 't âld tolhek ta wienen, stie dêr in âld mantsje. "Mei 'k mei ride?" frege er. Hja hâldden stil en hy koe mei ride. Doe hearde hy ûnderweis, dat se Japik Ingberts efter 'e broek sieten. Even foar de Bonkebrêge sei 't...
nl.verhalenbank.38304
Hjir hat ek in sekere Ruerd Boonstra wenne. Dy koe ek bûksprekke. Hy wie ris op in kear by ús, doe siet ynienen ús kat yn 'e kast to razen. Mem der hinne, mar dêr wie net in kat to sjen. Even letter hearden wy de kat yn 'e kachel. Op it lêst krige mem it yn 'e gaten.
nl.verhalenbank.37960
Foar de Heide-reed oer to Burgumerheide hat yndertiid in faem har mei har berntsje yn in dobbe forsûpt. Letter hearden de minsken dêr nou en dan roppen: Help! Help!
nl.verhalenbank.38058
Op in kear kaem Japik Ingberts yn in bakkerswinkel yn 'e stêd. De bakker hie in swier gouden horloazje foar op it boarst. Japik Ingberts sei tsjin 'e bakker dat er in bôlle ha moest. "Jo matte my de bôlle achter ûnder 't boezeroen triuwe op 'e rêch," sei er tsjin 'e bakker, "hwant ik mat ien foarstelle dy't in buchel hat." En doe bûgde hy him foaroer oer...
nl.verhalenbank.37949
Jehannes Meerstra koe bûksprekke. Der waerd froeger Sûkerij opgroeven en dat gong nei 't sûkerij-fabryk ta. Se wurken der nachts en deis altyd troch. Op in nacht wienen se oan 't kofjedrinken. Jehannes Meerstra wie der ek by. Doe sei ien fan 'e arbeiders: "Ik hie wol sin oan pikelhearrings." Hja sieten to brea iten. Doe hearden se ynienen de...
nl.verhalenbank.38048
Op 'e Godleas Singel is 't gebeurd dat dêr op in joune let in man lâns kom, dy hie jild ophelle. Hy hie de sek mei jild op 'e rêch, hwant papierjild hienen se froeger net. Der wienen in pear keardels dy wachten him op, dy hienen it op syn jild forsjoen. Hja hienen him noch net sjoen, mar dy man mei jild hie hàr wòl sjoen. Der lei in skou oan 'e kant fan...
nl.verhalenbank.37967
Guon seagen de tramljochten (fan 'e tram fan Feanwâlden nei Dokkum) fan tofoaren. Ek it spoar fan Ljouwert nei Grins ha guon fan tofoaren heard.
nl.verhalenbank.37866
Bartele Hiltsje hearde fan tofoaren in muoikesizzer fan har doe't dy yn 't wetter rekke en fordronk. Letter is dy jonge fordronken.
nl.verhalenbank.38201
Der wie in feanbaes, dy wenne op 'e Wâl. Hy hie nei de klaei ta west om sinten op to heljen foar de baggelders dy't er dêr levere hie. De jouns kaem er werom. Hy hie in lyts hountsje by him. Hy roan de Godleas Singel del by nacht. Doe't er al in moai eintsje op stap wie hearde hy guon oankommen, mar hy koe se net sjen. Omdat er in protte jild by him hie,...
nl.verhalenbank.37870
Us heit fortelde, froeger hienen guon ris op it Bûtenfjild ûnder Feanwâlden in hiele protte minsken by elkoar heard. Doe seinen se: dêr is safolle folk, dat kin wolris bitsjutte dat der nochris in greate stêd yn it Bûtenfjild komt. Der wie yn werklikheit net in minske. Mar letter woarde dêr troch de trije provinsjes lân oanmakke en doe wienen dêr in berch...
nl.verhalenbank.37858
Doe't ik in lyts jonkje wie, is it folgjende ris gebeurd. Us mem hie in omkesizzer, dat wie Gaetse. Op in nacht koe mem net sliepe. Se wie sa raer hyltyd. Doe hearde se ien by de doar. En doe hearde se it lûd fan Gaetse, har omkesizzer. Hja hearde dat er sei dat har broer Hâns dea wie. Hja sei it de oare moarns: Myn omkesizzer hat fannacht by de doar...
nl.verhalenbank.38216
Yn 't Suden fan Fryslân wenne in man, dy groef dêr in put. Hy woe wetter ha, mar koe gjin krije. Dy put wie hiel, hiel djip op't lêst en doe siet der op in moarn in bytsje wetter yn, mar dat wie sâlt. It wie séwetter. Dêr koe er neat mei. Doe hearde dy man ûnder út 'e put wei in stem. Der waerd roppen: "Flechtsje fan dit lân!" Doe hat dy man dat lân...
nl.verhalenbank.37942
Yn 'e Tsjûkemar is in tsjerkhôf, dat forsonken is. Dêr liedt wolris in klok yn 't wetter. Guon ha 't lûd heard.
nl.verhalenbank.37941
Froeger hiene je hjir in feanterije. Der wienen guon, dy feanten hjir. Dan leveren se turf oan 'e omlizzende plakken. En dan moesten se de sinten dêr wei helje, dy't se dêr foar barre koenen. Se bitellen yn dy tiid net mei papierjild, mar mei ryksdaelders. Sa hie âlde Willem-om ris op in kear nei Dokkum ta west om jild foar de turf op to heljen. Hy wie op...
nl.verhalenbank.38040
By de brêge op 'e Wâl wenne Auke Boskma. Jouns gong it dêr altyd op in timmerjen. Op in kear wienen der guon by Auke Boskma, doe waerd der wer timmere. Mar der wie noait hwat to sjen. Doe sei Auke: "Ik sil 't gewear krije en der op sjitte. Ik sil der ûnder troch sjitte." Doe seinen se tsjin him: net dwaen. Doe is 't oergong. Auke wie altyd in rûch man....
nl.verhalenbank.38055
Tsjin ús oer wenne in timmerman. Us mem hearde yn 'e nacht faek timmerjen by him. Dat wie yn werkelikheit sa net, der waerd net timmere. Dan sei se: "Der komt gau wer in deaden." Hwant dan makke hy in deakiste. Dat kom altyd nei.
nl.verhalenbank.37953
35