Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In man fan Meppel fortelde my ris: Mast noait tinke dat der neat bistiet. Dat ha 'k bileefd, sei er.
Ik kom op in kear thús, doe hie 'k nei de faem ta west. Ik wie oan 'e daem ta - 't wie tige stil en 't wie ljochtmoanne - doe hearde ik fuotstappen. 't Wie nuver. As ik stapte, dan hearde ik èk oare fuotstappen. Stie ik stil, dan wie der neat. Sa gong dat...
nl.verhalenbank.25163
Tichte by Surhústerfean, oan 'e Groninger weg hat men de Klaes Simensdaem. Dêr stiet in buorkerij by, in eintsje it lân yn. Dêr op 'e Klaes Simensdaem, is it sizzen, dêr spûket in hynder sûnder kop.
nl.verhalenbank.36954
Yn 't lân fan Klaes Schriemer wie in dobbe. 't Is oan 'e Noarderdwarsfeart. Dêr mat froeger ris in hynder yn forsûpt wêze mei de amer om 'e hals. Ik haw ek wolris heard fan in hynder sûnder kop, dat ergens spûke. As dat nou dàtselde hynder wie, wit ik net.
nl.verhalenbank.37120
Hindrik Meijer fortelde: Ik kom by Meine At wei yn 'e Grinzerpein. 'k Wie rinnende. Underweis hearde 'k allegear stappen njonken my. As ik stean bleau, hearde ik noch ien, twa, trije stappen. Dan roan ik wer fierder. Wer hearde ik de stappen njonken my. Bleau ik stean, dan wer ien, twa, trije stappen. Mar ik seach neat.
Ik kom op 't lêst op 'e wei, dy't...
nl.verhalenbank.26062
Der wienen twa bruorren. De iene hiet fan Teade. Se wennen op 'e Middelgeast tussen Smelle Ie en Boarnburgum. Hja rieden op in kear elk op in hynder. Doe seagen se dêr in gedaente fan in man. Dat like oars as oars, krekt as doogde it net. Doe sei Teade: "Dêr wol 'k op sjitte." Hy hie 't gewear by him. Mar syn broer sei: "Doch dat net. Hwat hast dêr mei...
nl.verhalenbank.29645
Frou Korenga fan Oldekerk hie in nicht, dy har heit wie in forkearden-ien en in hiele raren. It wie in losbol en in sûper en hy siet soms heale dagen yn 'e kroech.
Op in joun gong dy nicht de Londense wei del om har heit op to heljen. Sy gong by frou Korenga oan. "k Ben ongerust over pappe," sei se, "hij komt maar nooit thuis." Sy frege of frou Korenga...
nl.verhalenbank.19623