Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Japik Ingberts wie alle nachten op roof út. Deis dan sliepte er. Op in kear kommmen der in boer en in boerinne yn in tilbry oanriden.
"Mei 'k mei ride?" frege Japik Ingberts.
"Stap mar yn", sei de boer.
Underweis hâldt in plysje har oan.
"Ha jo Japik Ingberts ek sjoen?" sei er tsjin 'e boer.
"Dy mat hjir yn 'e buert wêze."
Doe seach de plysje us yn 'e...
nl.verhalenbank.21280
Alle Tet wie ek in tsjoenster. Dy wie soms bot blau om 'e holle. Doomny kom op in kear by har, doe sei er: "Hwat binne jo blau om 'e holle."
"Ja," sei Tet, "ik stomp my altyd oan 'e bêdsdoarkes."
Mar 't wie de kweade, dy't har soms op 'e hûd joech.
nl.verhalenbank.19455
Doe't it Knjillisdjip groeven woarde, wienen der twa Westfalen, dy groeven ek mei. Sy wienen by in widdou yn 'e kost.
Op 't lêst wie 't karwei dien. Mar de beide Westfalen bleauwen by de widdou. Hja krige gjin kostjild mear. Dat koe net út en 't minske woe dy twa graech slite. Sy sei 't tsjin 'e plysje.
Doe kommen der twa plysjes, dy seinen út namme fan...
nl.verhalenbank.21282
Der wie in boerefeint, dy hie in forboun sluten mei de âld feint (= de duvel). Hy wedde us mei de boer, hy soe it mollebult struijen yn trije ûren dien ha.
"Dizze weddenskip hast forlern", sei de boer.
Mar de feint gong noflik op it lân lizzen to sliepen.
Binnen trije ûren wie alles swart.
"Jo ha 't forspile", sei de feint. De âld-feint hie 't opknapt....
nl.verhalenbank.16502
Yn Den Andel wie ek in spûkskuorre. De minsken dy't op dy pleats wennen, woarden sa binaud, dat se der wei gong binne. Der stienen allegear beammen om dy plaets hinne. Guon ha dêr wol in frommes foar it glês stean sjoen mei in holle sa wyt as kryt, en 't hier der sleau om hinne.
nl.verhalenbank.16534
Piter Kempenaar syn wiif Hindrikje wie ek in tsjoenster. Dy wenne ek op 'e Twizelerheide. Dy hat my in jier ûnder har wjokken hawn.
Japik, myn man, hie in húske kocht, dat stie njonken harres. Hy wie der oan 't wurk mei de tún, doe wennen wy der noch net. Ik gong nei him ta en sei: "Hoe fier bist mei de tún, Japik?"
"Ik mat hjoed jerappels sette", sei er....
nl.verhalenbank.20443
Myn frou komt fan Ginnum en Reitsum yn Ferwerderadiel. To Ginnum wenne in âlde frou, dy gong foar in tsjoenster troch. As der guon siik wienen brocht it minske dêr altyd fruit hinne.
Myn frou hie reafonk doe't it in famke wie. Doe brocht dat âld minske dêr ek fruit hinne, fan allerhande soarte en fan 't allermoaiste. Doe kaem myn frou har beppe en dy...
nl.verhalenbank.32153
Alle Tet fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Sy wie blau om 'e kop doe't se dea wie en sa slop as in flarde. Wy ieten as bern noait hwat fan har op, hwant dan krigen wy in pod yn 't liif seinen se.
nl.verhalenbank.19465