Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn heit kom fan Lúxwolde yn Grinslân. Hy hat yn Greategast by de boer tsjinne as feint. Doe hied er al forkearing mei mem. De wask brocht er altyd fuort. Dan gong er in smel paedtsje lâns mei klaphekjes. Dat is der nou net mear, dat paedtsje.
Op in joun hied er de wask wer nei 't doarp brocht. Hy kom werom en roan dat paedtsje lâns. 't Wie al let. Hy...
nl.verhalenbank.24260
Alde Sibe van der Veen dy hie dronken west. Hy kom út 'e kroech. Guon hellen him op, dêr wie ús mem ek by.
Sibe hie hyltyd in pleachbeest op 'e fuotten hawn; it wie in hiele grouwe, swarte houn, dy wie net by him wei wykt.
Mem sei, it wie de duvel.
nl.verhalenbank.27233
Tichte by de Fjouwer Roede is de Spoekloane. Der wie us in man dy roan dêr lâns. 't Wie by nacht. Piter hiet dy man. Hy hie jild bard en ek nochal moai hwat.
Doe't er in eintsje op stap wie, stie der in dikke swarte houn.
Piter wie in bytsje skruten, mar hy bearde fan net. Hy struts de houn oer de kop en sei: "Bistû dêr? Bêste houn." De houn mocht dêr wol...
nl.verhalenbank.22165
Ik ha myn âlden wolris heard oer in pleachbeest. 't Wie in dier as in houn, dik en rûch en swart, mei greate egen. 't Roan deun by de lju lâns. 't Wie de duvel.
nl.verhalenbank.25224
Hindrik Kooistra wie in neef fan my. Hy wenne yn 'e Harkema. Syn faem wenne yn Bouwetille. Hy moest as er nei har ta gong oer de brêge en in eintsje by de feart lâns. Syn faem hiet fan Jantsje.
Op in kear sei er tsjin my: "Oebele, as ik nachts by Jantsje wei kom, stiet der altyd in pleachbeest klear. 't Is in greate swarte houn. Dy giet kantroerend...
nl.verhalenbank.22053
As der ien stjerre sil, bigjint de houn to spûkgûlen. Hy hâldt de kop keard nei deselde dy't stjerre sil. Wy ha 't sels ûnderfoun mei ús famke, dêr't Piter de Graaf fan sjoen hat dat se deagean soe.
nl.verhalenbank.24421
As der by ús folk ien bitsjoend wie gongen wy nei Frânse Hinke ta yn 'e Rottefalle.
Hja sei dan: Der komt jim in kat tomjitte, ek wol in houn, dy't tsjin jim opspringt dêr en dêr. Dy wol it drankje kapot meitsje.
nl.verhalenbank.24420
Oan 'e Folgerster loane, yn 'e buert fan Gjert van Sloten wie 'k ris mei in maet op in nacht oan 't murdejeijen. Doe kom der ynienen in beest út 'e wâl wei setten dat like op in kat. Mar hwat it wie koenen wy net sjen. Ik hie in houn dy stie nergens foar en doarst alles to pakken. Mar doe't er dat beest seach wie er deabinaud.
Dit mat in tsjoenster west ha.
nl.verhalenbank.36069
Der wie gjin houn ûnder 'e sinne, dy't Jan Hepkes biet.
Hy wie foar gjin inkelde houn bang.
"Ik fytste ris in kear troch Drachtster Kompenije," fortelde er, "doe stie dêr in boer by de wei mei twa jonges. Dat wienen syn soannen. En dêr wie in grouwe houn by.
Doe seinen dy jonges tsjin dy houn: 'Hisa, pak him!'
Nou, ik wie net bang foar dy houn en ik...
nl.verhalenbank.28734
As de klok raer let, komt der mei gauwens ien op 't hôf. Dat is ek it gefal, as der in houn bigjint to spûkgûlen.
nl.verhalenbank.19878
Der spûke op dat plak ek in grouwe, swarte houn. Doe't myn man syn broer noch forkearing hie, kom er dêr us in kear lâns mei Frouk. Dat wie syn faem. Hy roan in eintsje achter Frouk oan. Frouk bigong ynienen to razen. Sy seach hwat.
Doe't myn swager by har wie, hie der neat mear west. 't Hie hwat west, sei Frouk, dat great wie en swart en 't hie greate...
nl.verhalenbank.19874