Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 't Heideloantsje yn Twizelerheide roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Soms roan der ek wol us in grouwe, swarte houn.
nl.verhalenbank.22684
Oan 'e reed dêrre dêr't wy oan wennen spûke soms in blauwe houn. Myn swager hat him sjoen.
nl.verhalenbank.29505
As in houn spokgûlt dan giet der mei gauwens ien dea.
nl.verhalenbank.25361
As in houn spûkgûlt komt der fêst in sterfgefal.
nl.verhalenbank.26308
Op 'e Trekwei by de Kalkhúsbrêge, der mat yn myn bernejierren in grouwe, swarte houn west ha. Dy kom altyd oer de brêge, roan in eintsje by de feart del en waerd wer wei. Dy houn spûke dêr.
nl.verhalenbank.37355
Spûkgûlde in houn, dan seinen se, dat der mei gauwens ien dea gong.
nl.verhalenbank.29523
To Eastemar by de âld toer spoeke in dikke, swarte houn om. Der wienen minsken, dy hienen him wol sjoen. Yn 'e sechstiger jierren fan 'e foarige ieu wenne der op Skûlenburch in man, dy hie dêr in oaljeslagerij. Dy man hie forkearing mei in widdou to Eastemar. Mar hy doarst net to reizgjen by nacht. Hwant by de âld toer, dêr't [er] foarby moest, dêr spoeke...
nl.verhalenbank.15760
As der in houn spûkgûlde koe men der mar fêst fan op oan dat der yn 'e omkriten ien deagean soe.
Us mem plichte to sizzen: Hjir tikket in wyld horloazje oan 'e muorre. Dat bitsjutte ek dat der ien weireitsje soe.
nl.verhalenbank.38616
Ik wie no oan 't murdejeijen mei Tseard Postma. Underweis siet der in murd ûnder in takkebult. Doe't de houn der by wie, stie der ynienen in hiele greate keardel by ús. Krekt as wied er út 'e groun forriisd. Ik hie noch noait sa'n greaten keardel sjoen. It wie in reus en hy hie in greate swarte cape om. Hy bigoun to praten en sei: Sil ik jim byljochtsje?...
nl.verhalenbank.17005
By 't spoar woonde in frou, dy kon haar feranderen in een hond. Se kwam door 't sleutelgat in hûs. Douwe Baeije had een suster, die was in ferkeerde handen.
As dy frou by 't spoar op bed lag, dan was de siel der út. It lichum lag, maar de geest was weg.
Douwe Baeije har zuster is storven. Dy het se doodtsjoend.
De buren van de lu die 't famke ferloren...
nl.verhalenbank.24280