Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: hond Place of Narration: Hurdegaryp
Om in ûre of tolve hinne wie hjir by Bennema-State froeger altyd in swarte houn. Dat wie in pleachbeest, seinen se. Hy biet jin net, mar hy roun altyd in ein mei en makke de minsken binaud.
nl.verhalenbank.31046
Heit gong nei de fabryk to Feanwâlden ta to stampen yn 't sûkerijfabryk. Syn murdehoun naem er altyd mei. Op in moarn bitiid brocht de houn him twa murden, dat wie op in sydpaedtsje. Doe kaem heit wer op 'e wei, doe tocht er: "Hwat is dit?" De houn doarst der net troch. Der wie hwat swarts, mar hwat it krekt wie, koe heit net sjen. Even letter wie 't fuort.
nl.verhalenbank.30857
Heit moest froeger us in kear út Burgumerheide wei foar in famke nei Hurdegaryp, nei de dokter. 't Wie yn 'e nacht. Doe't er by de plaets fan Oostenbrug wie, kom der in houn njonken him, dy wie noch greater as heit sels. 't Wie in pleachbeest. Heit roan mei in stok. Hy sei lûdop: "Ik ha neat op myn geweten." Doe't er dat sein hie, wie 't ding samar wer...
nl.verhalenbank.18088
As de boeren yn Burgumerheide gjin bûter meitsje koenen, wie de tsjerne bitsjoend. Dan hellen se Piter Poes, de duvelbander fan Sumarreheide derby. Dy kom dan op 'e hounekarre. Hy pisse hjir en dêr del en dan wie de saek samar wer foarinoar.
nl.verhalenbank.18098
Heit hat as lyts jonkje bitsjoend west. Doe wenne er op 'e Gariperheide. Hy wie soms sa slop, dan koenen se him oprolje as in skûdeldoek en dan wied er wer krekt sa stiif as in stôk. En it gong altyd op in gûlen. Doe gong pake nei Piter Poes ta, dat wie de duvelbander fan Sumarreheide.(^ ± 1900), mar dy wenne doe noch yn de Ham. Pake krige in drankje fan...
nl.verhalenbank.19783
Us Frouk, myn suster, hie forkearing mei lytse Wibe (Paulusma) fan Sumar. By 't Earrebarrenêst op 'e Harste spûke it altyd. Op in kear wie Wibe by ús. Doe sei Wibe: "Sjogge jim wol, dêr is de duvel. Hy komt tichterby. Hy wol my ha. Jimme hoeve net bang to wêzen, hy pakt jimme net. Aenst hat er my." Hy wie deabinaud. Mar wy seagen neat. 't Hie in dikke...
nl.verhalenbank.30893
In feint en in faem sieten to frijen. Der kamen strúnders om 'e doar, dy lieten hja der net yn. Imke de Jong hearde ek ta dy strúnders. Dy hie in lyts hountsje, dat liet hy der yn gean. Dat hountsje liet er greater en greater wurde. De feint en de faem krigen sa 'n lêst fan it beest, dat se lieten de strúnders deryn.
nl.verhalenbank.19838
Ek ha 'k faek fortellen heard dat ien yn 'e nacht in moeting hie mei in grouwe, swarte houn.
nl.verhalenbank.30432
't Wie yn 'e winter en 't frear ta. Bokke de Boer syn heit Eise soe nei Ljouwert ta. Sy moesten it tolhek to Hurdegeryp passeare. Der kom ek krekt in Grinslanner mei in fanke foarby. It hountsje fan 'e tolgaerder koe dy Grinslander net ôfbliuwe. En ynpleats dat de tolgaerder de houn by him wei rôp, hie dy der nocht oan. Doe sei dy Grinslander: "'t Skeelt...
nl.verhalenbank.16812
Myn pake en beppe dat wienen Melle en Poai (= Froukje). Sy hienen in soan, dat wie Jelle-om. Jelle-om rekke bitsjoend. Sy wennen op 'e Sumarreheide, dat sy gongen nei Piter Poes ta. Dat wie dêr de duvelbander. "God jonge," sei Piter Poes, "dit liket net bêst." Dat sei er tsjin pake. "Ik sil dy in drank jaen, mar der komt dy aenst in grouwe swarte houn...
nl.verhalenbank.19713
35