Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn skoanheit wie mei syn broer oan 't murdejeien. 't Wie nacht en sy wienen elk oan 'e kant fan in wyk. Doe wie der ynienen in hiele grouwe, swarte houn. It beest hie egen as koallen fjûr. Hy wie nou us by skoanheit, dan wer by dy syn broer. It wie gjin goed spul, skoanheit fortroude it net. Hy tochte dat it de duvel wie.
Hy sei: "Ik raem him of ik sjit...
nl.verhalenbank.19916
Oan 'e Tillewei spoeke nachts altyd in grouwe houn. Dêr doarsten forskeidene lju nachts net lâns.
nl.verhalenbank.21359
By Rypke Atsma, de bakker, tichte by 't nije tsjerkhôf yn 'e Harkema kom altyd in grouwe, swarte houn tofoarskyn.
Dy kom oan 'e minsken ta, krekt oft er se bang meitsje woe en wie dan ek samar ynienen wer fuort. Hwer't er dan bleau wie de minsken in riedsel. 't Wie in spoekhoun.
nl.verhalenbank.33311
Doe't ús buorfrou stoar, sei ien fan ús buorlju: "Fan 'e wike ha 'k de houn sa bot spûkgûlen heard by harren achterhûs, dat doe wist ik wol dat it gau ôfrinne soe.
nl.verhalenbank.21352
As in houn spûkgûlt, dan giet der gau ien dea. Us herdershoun hat ris op in nacht ôfgryslik spûkgûld. Even letter stoar ús mem.
nl.verhalenbank.33172
Oan 'e Tillewei spoeke froeger altyd in greate houn mei swart, krold hier. Lefort neamden se him. It doogde net mei dy houn. Alle minsken wienen der bang foar.
nl.verhalenbank.20043
As in houn spûkgûlt is der binnen trije dagen yn dy buert in deaden.
nl.verhalenbank.19918
Heit en Mike Ruerd kommen ris togearre fan it Jachtfjild út 'e kroech. Ruerd hie 't wer raer dien en noch raerder hied er 't opsein. Togearre roannen se op hûs oan. Doe't se in eintsje op stap wienen, de bakker Rienk de Boer krekt foarby, doe woarde Ruerd ynienen by heit weinom en dwars troch de beamwâl hinne smiten.
Hy klaude wer út 'e wâl en heit bleau...
nl.verhalenbank.28813