Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: hond Narrator Gender: female Place of Narration: Garyp
Yn 't east fan Garyp spoeke by nacht ek altyd in dikke houn om. Dêr wienen de lju bang foar.
nl.verhalenbank.23095
Douwe Baeije sei op in moarn: "Der komt wer in deaden. Dat sil Ulkje wol wêze, hwant ús houn docht oars neat as spûkgûlen. Dan sit er mar foar 't lytse finsterke op 'e stoel en sjocht dy kant nei Ulkje hyltyd út." Baeije hat gelyk krige. Ulkje is koart dêrnei stoarn.
nl.verhalenbank.22793
Us heit dy sei: "Ik leau net oan spoeken, mar ienkear ha 'k it hawn, doe kom der my in grouwe swarte houn tomjitte. Doe soe ik him goed slaen mei de stok, mar ik sloech der dwars trochhinne (myn heit wie Jelle Harmens Dykstra).
nl.verhalenbank.22792
Us heit hie forkearing mei in faem yn Marum (= Marrum). Hy roan dêr alhiel hinne. Hy kom dan yn 'e nacht werom en 't wie in hiel ein rinnen. Mar hy sei: "'k Wie noait binaud." Mar op in kear, doe hat er al binaud west. Hy kom fan 'e faem werom. 't Wie om in ûre of ien hinne. De moanne skynde. Hy seach syn eigen skaed yn 't moanneljocht. Doe woarde hy...
nl.verhalenbank.21089
35