Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Mem har âlden wennen yn 'e herberch Het witte paerd to Eastemar op 'e hoeke fan 'e Snakkerbuorren. De murdehoeke, sa woarde dy herberch neamd, omdat ús heit, Japik Hoeksma syn bynamme wie Japik Murd.
Op in joun, doe gong 't der bot oan wei yn 'e herberch. Mem wie doe noch in famke, hja siet by de tafel. It jongfolk wie sa roerich dat it wie net moai mear....
nl.verhalenbank.37153
Op 'e Skûlenburgerwei spûke altyd in swart beest. It like op in hountsje. It roan mei de minsken op. Se koenen it net by har wei krije.
nl.verhalenbank.36029
Us heit wie ris in kear nei de faem ta west yn Eastemar. Op 'e weromreis, kom der him by 't tsjerkhôf in grouwe, swarte houn op side en dy bleau by him en woarde earst by de Skeanpaden wer wei. Heit sei, dat hie in pleachbeest west, dat wie dêr wol faker sjoen woarn.
nl.verhalenbank.28370
Foardat ús Marten stoarn is, wienen it allegearre eksters by ús om 'e doar hinne. Ik ha der doe gjin acht op slein, mar even letter hat hy it ûngelok krigen.
Doe't Marten dea wie, hâldde de kanarje him stil. Hy hat nei dy tiid net wer sjonge wold.
Doe't ús heit stoar, gong ien fan 'e katten by him op 'e kiste sitten. Jagen se him der wei, dan wie hy der...
nl.verhalenbank.28378
Der wie ris in doomny dy wenne mei syn húshâldster yn in doarp. De pasterije stie hwat achterôf.
Op in joun kom dêr in man by de doar, dy frege of er dêr dy nachts ek sliepe koe. En hy woe ek graech hwat to iten ha. De doomny wie in guodlik man. De fremde man mocht der yn komme en der woarde him iten en drinken foarset. Dat smakke him lekker.
Hja praetten...
nl.verhalenbank.36033