Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: hoepelslang Narrator Gender: male
In slangekoaning draecht in kroantsje op 'e kop. Jasper Veenstra fan 'e Harkema hat us ien sjoen. Hoepelslangen binne yn Amerika. Dy krije de sturt yn 'e bek en dan rolje se krekt as in hoep, mei barstend geweld. In omkesizzer fan my woarde troch sa'n slang oanfallen, mar in neger hat him deamakke. Dy hat him it leven ret.
nl.verhalenbank.16952
Der binne hoepelslangen. In slang foarmet dan in hoep fan syn lichum en sa rollet er krekt as in hoep. Dan kin er ôfgryslike hurd fuortkomme. Der binne slangen mei kroantsjes en dy kinne fluitsje. As er dat docht, dan komme der samar in hiel soad slangen, en dan is it net bêst as der in minske yn 'e buert is. Hwant dy falle se meielkoar oan. Sy omsingelje...
nl.verhalenbank.15719
W. Merk fan 'e Haulerwyk fortelde: Der wie ris in man, dy soe in slange deameitsje. Mar hy sloech mis. Hwant it wie in koaningsslange en dy is ûnkwetsber. De slange hie in kroane op 'e kop. Hy gong op 'e sturt stean en bigoun to fluitsjen. Doe kommen der fan alle kanten hoepelslangen oansetten. Dy hienen de sturt yn 'e bek. Sa hoepelen en saeiden se troch...
nl.verhalenbank.21055
Op 'e Swette haw ik ris in hoepelslang troffen. 't Wie in slang sa dik as myn pols. Hy krige syn sturt yn 'e bek en dêr rolle er hinne krekt as in tsjel. Sa hurd, dat jy koenen der net tsjin fytse.
nl.verhalenbank.30499
Een slangekoning draagt een kroontje op 'e kop. Als je op hem trapt begint hij te fluiten. Dan komen alle andere slangen op je af. 't Zijn hoepelslangen. Ze kunnen zich heel snel voortbewegen. Je moet dan vliegensvlug je jas uittrekken en die weggooien. Anders pakken ze je.
nl.verhalenbank.28239
In hoepelslang is tige gefaerlik. Mem hat wol forteld, dat, as men in hoepelslange sjocht mat men hurd útnaeije. Hwant dy giet jin as in hoep om 'e fuotten hinne en giet dan al heger en heger en knypt jin dea.
nl.verhalenbank.17371
Yn 't wetter hat men hoepelslangen. Dy hoepelje ûnder wetter. Ik haw ris ien kear sa'n slang sjoen. Hy biet samar in iel yn twaën. In slangekoaning is in slang mei in kroantsje op 'e kop.
nl.verhalenbank.37946
1