Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Warten wie in dief, dy naeide út. Hy kaem yn in doarp dêr rôpen se: Gryp him! Doe krige dat doarp de namme fan Garyp. Doe flechte er nei in oar doarp, dêr krigen se him to pakken en de lju rôpen: Berg 'm! Doe krige dat doarp de namme Burgum.
nl.verhalenbank.31337
De lju fan Sumar wurde katten neamd. In âld rymke:
Sumarre katten
rinne oer de latten,
fange mûzen
yn oarmans hûzen.
nl.verhalenbank.31319
Der wienen ris trije reuzen oan 't slatten, tichte by Ljouwert. De iene sei: "Dat is ús deel." Sa hat it Deel de namme krige. De oare sei: "Mar wy ha mear." Sa is de namme Lange Meer ûntstien. En de trêdde gong mei de earms oer de tsjerke hinne stean en sei: "Warge, warge lea." Sa is de namme fan dat plak Wargea (Wergea) ûntstien.
nl.verhalenbank.31331