Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Dizze herberch stie oan 'e koemerk. In pear jier foardat er opbrânde, seach Atse Veltman de koemerk fol reek. De wyn wie sa dat de reek dy kant oergong, en doch stie der neat yn 'e brân. Letter stie yndied de koemerk fol reek. Doe brânde de herberch op.
nl.verhalenbank.21870
Jan Hepkes fan Surhústerfean ried geregeld nei Ljouwert ta op syn âld fyts. Dan stuts er altyd even op Swarteweisein oan. Hy mocht graech in slokje.
Doe seinen se op in kear op Swarteweisein tsjin him, hy moest in motorfyts oantuge, dan koed er folle hurder.
Doe kocht er it tsjûr fan in motorfyts en dat sette er oan syn fyts.
De freeds ried er wer nei...
nl.verhalenbank.20598
To Eastemar wenne froeger in âld minske. Frytsen hiet se. Se wie mei de helm geboaren. Om tolve ûre yn 'e nacht moest se der út en dan seach se dingen, dy't in oar net sjen koe. En it kom letter altyd krekt sa út as hja it fan tofoaren sjoen hie.
Sa wie it us doe seach se de herberch 'Het witte peerd' op 'e hoeke fan 'e Snakkerbuorren yn ljochte lôge...
nl.verhalenbank.20074
Myn broer fortelde: Twa bruorren, Atse en Wander Veltman, allebeide timmerlju to Eastemar kamen ris op in joune thús, doe sei de iene tsjin 'e oare: "Sjoch, de herberch stiet yn 'e brân." Hy seach de minsken drok yn 't spier om der allegearre guod noch út to heljen.
Mar 't wie sa net. Hja rounen der hinne, mar dêr wie hielendal gjin brân. Letter is dy...
nl.verhalenbank.31987
Doe't de herberch fan Rienk de Poel - 'de murdehoale' - opbrânde, kom it hynder ek yn 'e flammen om.
Frytsen hat fan tofoaren al de hynsteklap heard.
Frytsen wie mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.21869