Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hearke wie ek plysje. Dat wie myn pake Gjalt Lindeboom ek. It gebeurde wol dat der in feest wie op in sael yn in herberch. Dan wienen der wolris manlju dy waerden lestich.
Dy hienen dan in slokje op en dan woenen se de boel yn 'e war skoppe. It foel dan wol ris foar dat ús pake en Hearke dêr beide oanwêzich wienen. Mar dan sei Hearke tsjin pake: "Meitsje...
nl.verhalenbank.37451
Hearke wie jong al plysje. Hy woe foar himsels wolris wite hoefolle er yn 'e bouten hie. Hy wie ris by van Dyk yn 'e Rottefalle en dêr wie pake ek mei noch in stik of hwat oare jongemannen. Pake wie de sterkste fan harren (op Hearke nei fansels).
Der wie yn 'e taep in lûk mei in greate ring der oan. Dêr siet in kelder ûnder.
Doe sei Hearke tsjin pake:...
nl.verhalenbank.37453
It gebeurde yn 'e oarlochstiid, doe wienen der in doomny en in pryster op reis. Tsjin 'e joun moesten se ûnderdak ha. Sy kommen yn in hotel. Dêr seagen se in moai kamermeisje.
Dy makke de bêdden foar har op. Der wienen trije keamers njonken elkoar. Yn 'e earste slepte 't kamermeisje, yn 'e twadde de pryster, en yn 'e trêdde de doomny.
De oare moarns...
nl.verhalenbank.33009
Hearke krige deselden dy't op 'e sael net om 't lyk woen yn 'e regel sittendewei. As der twa wienen dy't it tsjin elkoar yn 'e kant setten treau er se tsjin elkoar oan. En dan wienen har de rêgen in wike of fjouwer letter nòch sangeneblau (= paarsblauw).
nl.verhalenbank.37459
Wibe Alma kom ek us in kear út 'e kroech fan 't Jachtfjild. Dy hie 't dêr al sa raer opsein. Hy woe de duvel wolris moete, hied er sein. Doe't er sahwat oan Klaes Batema ta wie, woarde er opnom en op in stobbe goaid.
nl.verhalenbank.27716
Jelle van der Wiel wenne oan 'e Langewyk yn 't âlde húske, dêr't letter Wiger Koaning yn wenne hat. Op in kear kom er út 'e kroech. Hy hie 't raer opsein. Flokke ensa en hy hie biweard, hy wie net bang foar de duvel. Doe't er omtrint thús wie, woarde er smiten mei fyts en al. It wie krekt as hie syn fyts yn 'e brân stien, sa raer hie 't like.
nl.verhalenbank.27715
Op in kear wienen in moai keppeltsje manlju der mei dwaende in hiele swiere beam op 'e wein to tillen. Mar dat woe har net slagje, de beam wie 't folkje to swier. Doe kom Hearke der oan. Hearke sei: "Wachtsje mar, ik sil jim wol even helpe."
Doe tilde hy allinne dy swiere beam op 'e wein.
Doe't de beam dêr goed en wol lei gongen de manlju nei de herberch...
nl.verhalenbank.27712