Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wienen froeger fan dy stille kroechjes op 'e Boelensloane.
Snein-to-jouns sette it jongfolk dêr op ta. Sa wie der ek ien, dêr spile Lammert Dalstra altyd op 'e âlde harmoanika. Der dânse it jongfolk altyd by. Lammert hie mar ien hân. De oare wie in knûstje, dy wie miswoechsen.
Op in joun sei 't jongfolk: "Lammert, nou mast ris even spylje: - Daar...
nl.verhalenbank.26107
Yn Surhuzum ha in stik of hwat jonge bazen it avondmael fierd yn 'e herberch. 't Wie spotterij. Doe't se ûnderweis wienen nei hûs ta binne se smiten woarn troch de duvel.
nl.verhalenbank.28517
Der wie ris in keamerfol folk by de kastlein yn Bakkefean. It folkje wie bot roerich, it gong der allerheislikst oan wei. De kastlein koe se net baes en hy rôp Ynse der by.
Ynse hie der net folle wurk mei. Hy hie in pear ûnder 'e earm krige en sa der út brocht. Sa hied er de taep samar leech.
nl.verhalenbank.25653
Toukesnijers
Aldeboarn dy soe in nije tsjerke ha. Mar doe woe er de heechste toer bouwe, mar dêr gean se nei Tsjom ta en dêr mjitte se de toer, mar sy geane yn e herberge [yn 't kafé] en hwat dogge de Tsjommers? Dy snije in ein fan 'e line ôf. En sy bouwe de toer yn Aldeboarn en doe wie dy safolle meters koarter as yn Tsjom en dêrom hat de Tsjommers de...
nl.verhalenbank.31776
Wibe Alma fan 'e Harkema is us in kear dronken út 'e kroech wei kom. Hy sei: "De earste de bêste, dy't my tomjitte komt, dy smyt ik oer 't lân, as wie 't de duvel ek."
Mar doe is er sèls smiten woarn, troch de duvel.
nl.verhalenbank.23937
In neef fan my siet ris op in joun yn 'e kroech fan Theunis Pot yn 'e Grinzer Pein. Doe wie dêr in man, dy sei tsjin myn neef: "Soest dyn mem noch wolris wer sjen wolle?"
"Ja, wol graech", hie myn neef sein.
"Komst har joun noch wol to sjen", sei dy oare. "As der ien oan 'e doar kloppet, dan is hja it."
Myn neef die de doar iepen doe't der kloppe woarde...
nl.verhalenbank.28337
Hinse hat ris rûzje hawn mei de kooplju út Drachten. Sy sieten meielkoar op 'e bovensael fan 'e herberch 'De Phoenix' to Drachten.
Doe bigong Hinse hiel bot to brullen en doe woarden de kooplju allegear binaud. Hwant Hinse dat wie net in gewoanen ien, mar in hantlanger fan 'e duvel. Dat wisten se allegear wol.
Sûnder dat Hinse der in hân nei útstuts,...
nl.verhalenbank.16030
Hearke rekke ûnder tsjinst yn den Helder. Dêr kom er wolris yn in herberch. Yn dy herberch kommen ek geregeld mannen fan 'e marine. Dat wienen greate opskeppers en de kastlein hie in soad lêst fan 'e mannen. Doe sei dy kastlein ris in kear tsjin Hearke: "Kinne jo my ek fan dat folkje ôfhelpe?"
Hearke sei: "'k Wol 't wolris bisykje." De oare sneins kom...
nl.verhalenbank.36051
Hearke hie in dochter Rixt, dy wie ek tige sterk. Dy hat op in kear har frijer deaknypt. Hja hie forkearing mei dy feint hawn. Doe moest se in bern fan him ha. Doe sei se dat tsjin him, en doe makke dy feint it út.
In skoft letter trof se dy feint yn in herberch. Dêr wie doe dounsjen. Hy frege har oft se mei him dounsje woe. Doe rekken se oan 'e gong. Doe...
nl.verhalenbank.36050
Heit fortelde: Wibe Alma kom in kear út 'e kroech. Hy hie to folle hawn en forwinske alles. Foar de duvel wied er net bang, hied er sein.
Ynienen wie der hwat njonken him lâns gong. 't Wie in persoan. Dy reizge mei him oan hûs ta. Wibe hie skoan yn 'e gaten dat it de kweade wie en hy tocht him sa binaud, dat it swit hie him ta alles út roun. Dy persoan...
nl.verhalenbank.28090