Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us pake en dy hienen in helm fan ien fan 'e bern. Dêr wie dat bern mei geboaren. Dy helm koe pake djûr forkeapje. De dokter wie der tige hyt op. Hy sei: "Daar wil ik van der Veen wel veel geld voor geven." Mar pake die't net. Letter hat pake dy helm fuort dien.
Dy't sa'n helm yn besit hat is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.22003
Us heit tsjinne by in boer. Hy hie der us op in kear op út west en kom op in joun thús.
Doe stie Rikele Myt by de boer op 't hiem. Hja stie by 't hynder en kaerde 't yn 'e moanjes om. Rikele Myt wie in tsjoenster.
De oare moarns sei heit tsjin 'e boer: Dat en dat haw ik sjoen - "Ik doar wedzje," sei er, "dat it hynder fan 'e wike dea leit."
't Kom krekt...
nl.verhalenbank.20098
Myn broer Boardzer fan 'e Boelensloane is mei de helm geboaren. As jonge fan tolve jier moest er al hwat sjen. Nachts moest er der faek út. Dan gong er oan 'e kant fan 'e wei stean. Dan seach er in lykstaesje passearen. Dan wist er wol hwa't it wienen. Hy hat dat nou net mear. De Heare hat him der fan forlost. Hwant it is in straf as men soks hat. Mar der...
nl.verhalenbank.20089
Mem har heit (myn pake) hie in maet, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen. Hy gong der yn 'e nacht faek ôf.
Pake woe net leauwe dat syn maet dan hwat seach.
"Dan mast mar us mei", sei syn maet. Sy praetten ôf, as hy der wer op in nacht út moest, soed er pake wekkermeitsje en meinimme.
Op in kear gebeurde dat. Togearre roannen se in eintsje de...
nl.verhalenbank.22113
Ik ha twa jier lang forkearing hawn mei in feint, dy hiet fan Oene. Dy syn broer wie mei de helm geboaren. Hy seach altyd lykstaesjes.
Op in kear wied er mei oar jongfolk op 'e wei.
"Even oan kant," sei er, "der komt hwat oan."
Mar de oaren seagen neat en laken him út en sy bleauwen stean.
Doe is ien fan har oer hynder en wein en alles hinne smiten. Hy...
nl.verhalenbank.21993
Dy't mei de helm geboaren is, is ek kûgelfrij. Ek deselden dy't sa'n helm yn bisit ha. De frijmitselders binne ek kûgelfrij, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.22137
De dokters binne gleon op 'e helms. As der ien mei de helm geboaren wurdt, dan moffelje se dy helm gau wei. Hwant dy helms binne jild wurdich. Dy kinne se djûr forkeapje.
In soldaet, dy't in helm by him draecht, dy kinne se noait deasjitte. Dy is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.20109
Dy't mei de helm geboaren wurde, sjogge bigraffenissen fan tofoaren. Bontsje Keke fan Kollumersweach moest ek altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen.
Mar Keke seach ek oare dingen foarút.
Tidens de oarloch hat er sjoen dat Juliana op 'e troan komme soe.
Der soe noch in forskrikkelik greate oarloch komme as Beatrix op 'e troan kaem. Dan soenen se om 'e...
nl.verhalenbank.10678