Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Piter Poes wie ek in krûdesiker. Minsken kamen by him om rie as hja sels of it fé mei sykte to kampen hienen.
Piter joech dan rie en se namen krûden fan him mei.
Op in kear kaem Klaes Heddema fan 'e Tike by him. Klaes hat it my sels forteld.
Doe't Klaes dêr yn 'e hûs kaem siet Piter to lêzen yn in boek. Wylst kamen der allegear roeken om 'e doar. Se...
nl.verhalenbank.32313
Minsken dy't kûgelfrij binne, drage in helm by har.
nl.verhalenbank.20272
Der wenne hjir in sikere Spinder, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts faek ôf om nei lykstaesjes to sjen. Hy seach ek oare dingen. Hjir wienen twa mannen dy krigen hevige rúzje om in reed. Doe moesten se foar 't kantongerjocht komme. Mar de iene liichde mear as de oare. Doe hat men Spinder der by roppen, omt dy heldersjende wie. Dy fortelde...
nl.verhalenbank.31792
Op 'e Tike wenne Anne Tiekstra, dy wie mei de helm geboaren. Hy moest bigraffenissen fan tofoaren sjen.
Tichteby wie in dobbe. "Hjir sil nochris in bern yn dizze dobbe fordrinke", sei er. Dat hie er sjoen.
nl.verhalenbank.31635
Deselde dy't yn 't bisit is fan sa'n helm, is kûgelfrij. Dêrom hienen de hege militairen yn 't leger froeger sa'n helm dy't se kocht hienen en by har droegen.
nl.verhalenbank.31636
Wytse (van der Meer) en Rinskje wennen yn Burgumerheide. Wytse wie in plezierich man dy't altyd wille hie. Mar dat hâldde samar ynienen op mei Wytse. Hy woarde stil en hy seach altyd mar earnstich. Syn wyfke Rinskje frege him: "Is der hwat?"
"Né," sei Wytse, "hwat soe der wêze?"
Mar hy bleau altyd mar stil en earnstich. Rinskje frege al us wer en us wer,...
nl.verhalenbank.20330
Dy't mei de helm geboaren is, mat alles sjen. Dy mat der nachts faek ôf.
nl.verhalenbank.32444
Alde Japik Douwe wie timmerman yn Burgumerheide. Hy wie mei de helm geboaren. Syn âld wyfke plichte wol faek by ús mem to kommen. Hja gong dan oan 'e ein fan 'e tafel op knibbels lizzen en dan fortelde se hwat Japik wer sjoen hie. Ik hearde as jonkje dy forhalen.
nl.verhalenbank.20256
Bearn Dekker wie mei de helm geboaren. Sy hienen dy helm wol forneatige, mar likegoed seach er alles. Hy moest der nachts faek út, dan waerd er dreaun. Dan seach er in bigraffenis.
't Kom altyd krekt sa nei lyk as hy it sjoen hie.
nl.verhalenbank.20392
Sjoerd Dykstra wie koedriuwer. Dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts faek ôf. Dan seach er lykstaesjes. De gewoane minsken koenen dat net sjen. As sa'n helm net forbrând wurdt by de geboarte, dan matte se 't altyd sjen. Forbrânne se de helm, dan net.
nl.verhalenbank.24642